Sofiakatedraal (Pûsjkin)

De Sofiakatedraal (Russysk: Софийский собор; Sofiski sobor) is in russysk-otterdokse katedraal yn 'e histoaryske stêd Sofia, no Pûsjkin, Ruslân. De katedraal wie ien fan 'e earste russyske tsjerken yn 'e styl fan it palladianisme.

Sofiakatedraal

Софийский собор

Lokaasje
lân Ruslân
federale stêd Sint-Petersburch
plak Pûsjkin
koördinaten 59° 42' N 30° 23' E
Arsjitektuer
arsjitekt C. Cameron, I. Starov; klokketoer L. Benoit
boujier 1782-1788; klokketoer: 1905
boustyl Palladianisme
monumintale status Monumint fan federaal belang
monumintnûmer 7810485000
Webside
sophia-sobor.ru
Kaart
Sofiakatedraal (Sint-Petersburch)
Sofiakatedraal

It plan foar de bou fan 'e katedraal is ferbûn mei it projekt fan Katarina de Grutte foar de oanlis fan 'e stêd Sofia, dêr't yn 1780 súdwestlik fan Tsjarskoje Selo mei útein set waard. De Skotske arsjitekt Charles Cameron ûntwikkele in plan neffens in troch Katarina sels ûntwurpen konsept. De nije delsetting moast mei seis parken kombinearre wurde yn in regelmjittich plan. In rige pylders moast liede nei de Sofiakatedraal, wêrfan't de arsjitektuer op fersyk fan de keizerin oerienkomsten hawwe moast mei de Hagia Sofia fan Konstantinopel. Fandêr ek de namme fan 'e tsjerke en de stêd.

 
Villa Capra (la Rotonda) fan Andrea Palladio.

It ûntwerp wie ôfkomstich fan Cameron, mar de útfiering wie yn gearwurking mei Ivan Starov. It wurk oan de bou duorre seis jier en op 31 maaie 1788 waard de tsjerke yn oanwêzigens fan 'e keizerin, har opfolger en har hôf konsekrearre. De folgjende twintich jier waard de tsjerke fan binnen beskildere troch meiwurkers fan 'e Keizerlike Akadeemje foar de Keunsten.

De Sofiakatedraal hat útsein de flakke koepel net in soad fan 'e Sofiatsjerke fan Konstantinopel. Cameron wie net bot op 'e hichte mei de Byzantynske arsjitektuer en sa liket de tsjerke mear op 'e ferneamde Villa Capra (la Rotonda), boud troch Andrea Palladio yn 'e omkriten fan Vicenza dan op de Hagia Sofia .

 
De katedraal yn 1890.

Fan 'e konsekraasje ôf oant 1845 wie de tsjerke de kapitteltsjerke fan 'e Oarder fan Sint-Vladimir en ferskillende rezjiminten setten harren stimpel op 'e fersierings fan 'e tsjerke; yn 'e rin fan 'e 19e iuw rekke de tsjerke jimmeroan foller mei militêre rekwisiten en trofeeën.

Yn 1903 joech Nikolaas II in krús en tsjerklik reau oan 'e katedraal, krekte replika's fan it reau dat op de wijingsdei troch Katarina II oan 'e katedraal skonken wie. Dy earste tsjerkeskat (tsjelken, evangelieën, kandlers, houlikskroanen en oar liturgysk guod) waarden yn 1812 oerbrocht nei de Opstanningstsjerke fan it Katarinapaleis en dêrnei nei de Katarinakatedraal, fanwegen it gefaar fan de naderjende troepen fan Napoleon.

Yn 1905 waard neffens in ûntwerp fan Leon Benoit in lytse, frijsteande klokketoer boud. Under de toer waard in oan Sint-Serafim fan Sarov wijde kapel ynrjochte.

 
It herstelde ynterieur.

Fanôf 1918 wie de Sofiakatedraal in parochytsjerke. Op 6 novimber 1933 waard troch de lokale oerheid in resolúsje oannommen om de katedraal te sluten foar de earetsjinst, folge troch de ûndertekening fan inselde resolúsje op 10 oktober 1934 troch it Utfierend Komitee fan Leningrad.

De katedraal waard oerdroegen oan de 32e mechanisearre brigade, dy't it gebou brûkte foar oppslach. It gebiet om de katedraal hinne waard brûkt foar de training. Nei de Twadde Wrâldkriich waard it gebou op 'e nij brûkt as pakhûs en om yndustriëel ôffal yn te ferbaarnen. Sûnt 1960 stie op it súdwestlike diel fan it Sofiaplein in garaazje; fan de eardere alluere fan it plein wie neat oer en op in soad plakken wie sprake fan wetteroerlêst.

Yn 1988 waard in nije parochy stifte en de Russysk-Otterdokse Tsjerke frege oan de oerheid om de parochy te registrearjen en de katedraal oan 'e parochy oer te dragen. Op 13 maart 1988 waard de oerdracht fan it ferinnewearre gebou goedkard.

Op himelfeartsdei 1989 waard foar it earst yn jierren wer in tsjinst yn 'e katedraal fierd. De restauraasje begûn mei de klokketoer, dy't yn april 1991 oplevere waard. De katedraal waard op 20 maart 1995 op 'e list fan monuminten fan federale betsjutting set. Yn maaie 1998 waarden nije ikonostazes makke, replika's fan foar de revolúsje. Op 17 maaie waard de hiele katedraal konsekrearre.

De katedraal waard op 28 maaie 2009 yn it ramt fan it 20-jierrich jubileum fan it herstel fan 'e earetsjinst yn 'e Sofiakatedraal besocht troch patriarch Kirill.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russyske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Софийский собор (Пушкин)