Sofie van den Enk
Sofie van den Enk (Heemskerk, 23 augustus 1980) is in Nederlânske presintatrise, en wurket op it stuit by de KRO en de regionale omrop RTV Utrecht. Har beppe fan heitekant, Anna van den Enk-Bakker, komt fan Warkum. Sofie van den Enk studearre yn 2006 ôf oan de Ryksuniversiteit Grins en is doktorandus yn de Amerikanistyk. Op 23 augustus 2010 troude se ûnoankundige op in surprisewedding mei André van den Heuvel.
Libben
bewurkje seksjeFoar har telefyzjekarriêre spile se mei Anne Jan Toonstra, dy't se fia stúdzjeferiening Cleopatra moete, yn it kabaretduo Anne Jan en Sofie, dat yn 2001 Cameretten yn Rotterdam wûn. It duo wûn yn in 2001 de 36e edysje fan Cameretten, it âldste en bekendste kabaretfestival yn Nederlân. Se rûn yn 2004 staazje as sjoernalist by RTL 4, by Max Westerman yn New York. Werom yn Nederlân begjint se oan har skripsje en hellet in jier letter har doktorandustitel. Begjin 2006 waard se ferslachjouster by RTV Utrecht en yn 2007 presintearre se ek it deiske nijsmagazine fan RTV Utrecht, U Vandaag, Villa Hooiberg en Goed voor Elkaar.
Van den Enk wie Jakhals foar De Wereld Draait Door yn de telefyzjeseizoenen 2007/2008 en 2008/2009.
Van den Enk hat op 11 desimber 2008 de Philip Bloemendal Priis foar jong presintaasjetalint wûn, as earste kandidaat fan in regionale omrop. Van den Enk waard neist Michiel Vos (EenVandaag) en Herman van der Zandt (NOS journaal) út fjirtjin kandidaten nominearre. It sjueryrapport priizget har ynprovisaasjefermogen, alartens en irony: "Sofie is alert, ad rem, geestig en naturel met een aangenaam soort ironie en een vaak sprankelende presentatie in geïmproviseerde en toch voortreffelijk geformuleerde zinnen".
Van den Enk is sûnt septimber 2009 as presintator by de KRO te sjen. Ek sil se in bydrage leverje oan it ûntwikkeljen fan nije formats foar dizze omrop, benammen op Nederland 3. Se presintearre it KRO-programma Ouders hebben geen Seks, de Nederlânske fariant fan it Britske programma Sex...with Mum and Dad. Dêrneist presintearre hja begjin septimber yn de Week van de vernieuwing yn 2009 op Nederland 3 it programma Geld speelt geen rol tegearre mei Ajouad el Miloudi. Sûnt febrewaris 2010 presintearret se de fernijde ferzje fan KRO Hints, op Nederland 3. Yn de Week van de vernieuwing in 2010 presintearret se Door 1 deur en foar RTV Utrecht Uit met Sofie. Sûnt septimber 2010 makket Van den Enk tegearre mei Paul Rabbering it radio programma PS Radio op 3FM in programma oer leafde en relaasjes.
Programmas
bewurkje seksje- KRO
- Ouders hebben geen Seks (2009)
- Geld speelt geen rol (2009)
- Hints (2010)
- Door 1 Deur (2010)
- PS Radio (2010-)
- De Rekenkamer (2011-)
- XXL (2011)
- Seinpost Den Haag (2011)
- Inside Oud (2011)
- VRijland (2012-2013)
- De Reünie Zapp (2012)
- Eilanders (2013)
- Puberruil Zapp (2013-)
- Eureka (2013)
- VARA
- De Wereld Draait Door / Jakhalzen (2008-2009)
- Oars
- De Slimste Mens (NCRV) (2012)
- Wie is de Mol? (AVRO) (2014)
- Weet Ik Veel (RTL4) (2014)
Bibliografy
bewurkje seksje- (Tegearre mei Eva Munnik): De Melkfabriek : Waarom borstvoeding te gek is (en je je niet schuldig hoeft te voelen als het niet lukt). Amsterdam, Boekerij, 2016. ISBN 978-90-225-7673-1 [1][2][3]
Underskiedings
bewurkje seksje- Winner fan Camaretten mei Anne Jan Toonstra in 2001.
- Winner fan de Philip Bloemendal Priis 2008.[4]
- Winner fan Wie is de Mol? yn 2014
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|