Sopot
Sopot (Dútsk en oant 1945 offisjeel Zoppot; Kasjûbysk: Sopòt) is in baaiplak oan 'e Eastsee yn 'e Poalske woiwodskip Pommeren. Tegearre mei Gdańsk en Gdynia foarmet Sopot de stêdekloft Trijestêd (Poalsk: Trójmiasto). Wylst yn 'e oanbuorjende stêden de hannel, de yndustry en de haven fan grut belang binne foar de ekonomy is yn Sopot fral it toerisme de wichtige ekonomyske faktor.
Sopot | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Poalen | |
Provinsje | Pommeren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 32.474 (2023) | |
Oerflak | 17,28 km² | |
Befolkingsticht. | 1879,28 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 54° 26' N 18° 33' E | |
Offisjele webside | ||
visit.sopot.pl | ||
Kaart | ||
Geografy
bewurkje seksjeIt baai- en kuerplak leit yn it histoaryske gea West-Prusen oan 'e westkust fan de Bocht fan Gdańsk, likernôch njoggen kilometer noardwestlik fan Gdańsk en njoggen kilometer súd fan Gdynia.
Namme
bewurkje seksjeDe namme Sopot is fan Slavyske oarsprong en betsjut 'boarne'. Yn de Dútske tiid hiet it plak Zoppot.
Skiednis
bewurkje seksjeDe namme wurdt it earst neamd yn 1283, doe't it lytse fiskersdoarpke troch de Pommerske prins Mestwin II oan de Sistersjinzers fan Oliva skonken waard.
De skiednis fan it doarp is nau mei dy fan Gdańsk (it eardere Danzig) ferbûn. It hearde mei de rest fan de Pommerellen by de Dútske Oardersteat en letter, nei 1466, by it Keninklik Prusen, dat him frijwillich ûnder de beskerming fan de Poalsk Kroan set hie. Yn it ramt fan 'e Earste Poalske Dieling waard it gebiet yn 1772 ûnderdiel fan it Keninkryk Prusen.
Yn de jierren 1820 waard mei de iepening fan in strân- en kuerfasiliteit de earste oantrún jûn foar de toeristyske ûntjouwing fan it fiskersdoarpke Zoppot. Ferskillende faktoaren soargen der foar dat it plak tige gaadlik wie as kuerplak. De bosken op de hegere dielen beskermen it plak tsjin de westlike en noardlike wyn, de loft wie myld en frij fan neefkes en it seewetter yn 'e Bocht fan Gdańsk wie wat waarmer as yn it westlike diel fan 'e Eastsee en hie in folle minder sâltgehalte. Stadichoan ûntwikkele Zoppot him fan fiskersdoarp ta in modern baaiplak. Fan 1871 oant 1920 hearde Zoppot by it Dútske Ryk.
Doe't op oanwizing fan it Folkebûn op 10 jannewaris 1920 de Frije Stêd Danzig ûnstie, waard ek Zoppot dêr ûnderdiel fan. Zoppot lei fuort oan de grins fan de Poalske Korridor.
Nei de oanfal op Poalen yn 1939 anneksearre Dútslân it gebiet fan de Frije Stêd Danzig, dat ûnderdiel waard fan it Ryksgoa Danzig-West-Prusen, dêr't ek Zoppot oant 1945 by hearde.
Tsjin it ein fan de Twadde Wrâldkriich naderen op 19 maart 1945 ienheden fan it Reade Leger fanút it west Zoppot. De jûns moasten de ynwenners evakuëarje, dy't doe mei tûzenen nei Gdynia flechten. De oare deis waard de stêd besketten, werby likernôch 10% fan de stêd ferneatige waard. De Dútske troepen joegen de striid al gau op en op 23 maart 1945 besette it Reade Leger sûnder grutte slach de stêd. De Sovjet-Uny foege it gebiet fan de Frije Stêd Danzig en dêrmei ek Zoppot by de Folksrepublyk Poalen, dy't it op 30 maart 1945 by it nije woidwodskip Gdańsk yndielde. Zoppot waard offisjeel omneamd ta Sopot.
De troch de Dútske befolking ferlitten hûzen waarden no troch Poalen ynnommen, dy't foar in grut part út it sintrum fan it lân kamen. Ek de ynwenners fan de Frije Stêd Danzig waarden op in lytse rest nei yn ferskillende fases oant 1946 út harren hûzen ferdreaun.
Op 8 oktober 2001 fierde de stêd it 100-jierrich jubileum dat de Sopot him stêd neame mei.
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1819 | 1842 | 1874 | 1900 | 1919 | 1933 | 1947 | 1970 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 350 | 937 | 2.800 | 11.800 | 18.400 | 30.800 | 26.900 | 44.000 |
Jier | 1980 | 1990 | 2000 | 2007 | ||||
Ynwenners | 51.700 | 51.300 | 41.432 | 37.344 |
It besjen wurdich
bewurkje seksje- It stedhûs waard yn 'e jierren 1910-1911 boud neffens ûntwerp fan Paul Puchmüller en yn 1922-1923 útwreide.
- De pier mei restaurants en oanlisplakken foar lytse boaten en rûnfarboaten is in goed 511 meter lange houten steiger yn 'e Bocht fan Gdańsk. Oant 1945 hie de pier de namme Großer Seesteg, tsjintwurdich hiet de pier Molo.
- It Kromme Hûs (Krzywy Domek) is in tige opfallend 21e-iuwsk bouwurk.
- De fjoertoer datearret fan 1904.
- It joadske begraafplak hat as iennige fan de joadske begraafplakken yn it woiwodskip Pommeren noch in tagongspoarte mei in Hebriuwske ynskripsje. In plakette betinkt de synagoge fan Adolf Bielefeldt út 1913-1914. De synagoge waard yn 'e nacht fan 12 novimber 1938 yn 'e brân stutsen.
Tsjerken
bewurkje seksje- De neobarokke protestansk-lutherske Heilânstsjerke (Kościół Zbawiciela) waard boud fan 1913 oant 1919 troch de arsjitekt Adolf Bielefeldt (1876-1934).
- De roomsk-katolike Sint-Joaristsjerke (Kościół garnizonowy św. Jerzego) waard fan 1899 oant 1901 as protestantske Ferlossertsjerke boud. De tsjerke hat in 47 meter hege neogoatyske toer neffens in ûntwerp fan Ludwig von Tiedemann.
- De roomske Marije-Stjer fan 'e Seetsjerke (Kościół parafialny NMP Gwiazdy Morza) is in neogoatysk gebou út de jierren 1901-1902.
- de roomske Andreas Bobolatsjerke (Kościół parafialny św. Andrzeja Boboli) waard yn 'e jierren 1869-1870 as de neogoatyske Marije-Himelfeartkapel boud. Tusken 1984 en 1988 waard de kapel ta de hjoeddeiske parochytsjerke útwreide.
Musea
bewurkje seksje- (in) Museum fan Sopot
- (in) (dú) Argeologysk Museum
- (pl) Sopot Wax Museum
Eveneminten
bewurkje seksje- Sopot Festival (ynternasjonaal muzykfestival)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Weblinks en/of Einzelnachweise, op dizze side.
|