Spaasje
In spaasje is de romte dy’t yn skreaune tekst frijholden wurdt tusken twa wurden. Op ‘e keper beskôge is de spaasje gjin lêsteken, mar de lege romte tusken de wurden makket in tekst wol better te lêzen.
Skiednis
bewurkje seksjeIt âldst bekende gebrûk fan it brûken fan tekens om wurden te skieden is fan fier foar it begjin fan ús jiertelling. Yn Syrië binne klaaitabletten fûn fan sawat 1400 jier foar Kristus mei in alfabetysk spikerskrift dêr’t de wurden troch spaasjes of streekjes faninoar skaat wurde. Der binne ek foarbylden bekend fan it brûken fan wurdskiedingstekens yn it Hebrieusk, Gryksk en Arameesk fan fier foar it begjin fan ús jiertelling. Sa binne der Arameeske transkripsjes bekend út de njoggende iuw foar Kristus dêr’t de wurden yn skaat binne.
Yn it Latynsk en it Gryksk waard al fan it begjin ôf gebrûk makke fan it kontinuskrift ('scriptio continua’), dêr’t alle wurden by yn in lange rige yn haadletters efterinoar skreaun waarden. Teksten waarden destiids meast opskreaun om se letter lûdop foardrage te kinnen foar publyk en dat barde komselden sûnder yngreven tarieding. De opskreaune tekst wie benammen as stipe foar it ûnthâld en it wie dan ek net wichtich dat de tekst flot lêzen wurde koe. Earst letter - doe’t teksten ek folle mear as kommunikaasjemiddel brûkt waarden - ûntstie ferlet fan in teken foar wurdskieding om teksten better lêsber te meitsjen. De Romeinen wiene foar it oare al wol bekend mei it prinsipe fan wurdskieding. Hja brûkten inkeld al spaasjes, punten of streekjes om de wurden faninoar te skieden.
De earste teksten út de Westerske kultuer dêr’t systematysk en konsekwint spaasjes yn brûkt waarden, kamen út Ierlân en binne fan tusken 600 en 800 nei Kristus. Om’t it Iersk folle minder besibbe is oan it Latynsk as bygelyks it Spaansk en Italjaansk, hiene de Ierske muontsen folle mear muoite mei it lêzen fan - yn spaasjeleas kontinuskrift skreaune - Latynske teksten as Spanjaarden en Italjanen. Om de Latynske teksten tagonkliker te meitsjen, begûnen se de wurdgrinzen ôf te beakenjen mei spaasjes. Dy gewoante soe him fierder fia Ingelân al gau oer hiele Jeropa ferspriede.
Tekstopmaak
bewurkje seksjeBy it brûken fan net-proporsjonele lettertypes, dêr’t elk teken krekt deselde breedte nimt, kin de spaasje brûkt wurde om de tekst op te meitsjen. Sa kinne teksten mei help fan spaasjes rjocht ûnderinoar set wurde yn in tabel. It brûken fan de tab hat oars de foarkar mei’t dy ek by it brûken by porsjonele lettertypen ta it winske resultaat liedt.
Yn âldere teksten waarden wurden ek wol spasjearre om se te beklamjen, of om oan te jaan dat it om in (boek)titel gong. Yn it hânskrift (ek wol kopij neamd) koe dat op ferskate wizen oanjûn wurde: mei steande streken: s|p|a|a|s|j|e yn it hânskrift
- mei in stippelline ûnder de wurden
- mei in slingerlyntsje ûnder de wurden [1]
Yn dy wurden waarden dan flueskes of heale punten troch de hânsetter tusken de letters set, en inkeld hiele punten. Sokke tinne spaasjes wiene meast fan read en giel koper makke.
Yn printwurk komt dat dan út as: s p a a s j e.
Op in byldskerm, dêr’t allinnich hiele spaasjes ynlaske wurde kinne, is dit eins net goed nei te dwaan. Mei dêrtroch is it brûken tsjintwurdich foar in grut part ferfongen troch wurden kursyf of fet te meitsjen.
Heechdruk
bewurkje seksjeBy it setten út leadletters is de spaasje in stikje metaal (lead of koper mei in tsjokte fan ½ oant 4 punten) dat tusken de wurden foege waard. Ien fan de skaaimerken dêr’t heechdruk oan te werkennen is, is dat by gelegenheid sa’n blokje omheech kaam, sadat dat opkommen wyt mei de printinkt yn oanrekking kaam en as swart rjochthoekje printe waard.
Foar spaasjes dy’t de helte fan it korps dik binne, wurdt de beneaming paske brûkt. In spaasje dy’t de dikte fan it korps hat, hjit kwadraat of ek wol fjouwerkantsje.
Yn de letterkast wiene spaasjes mei ferskate breedtes foarhannen. De breedtes wiene gauris relatearre oan de korpsgrutte fan de letter yn de kast: kwadraten, paskes, fearnen, achtsten, mar ek spaasjes op 1/3 of 1/6 korpsbreedte. De smelst beskikbere spaasjes binne ½, 1 en 1½ punt breed.
Hânsetters stiene lange tiid op stiklean: oant fier yn de njoggentjinde iuw waard in hânsetter achte sawat 800 kwadraten de oere te setten. Allinnich dan koe er genôch fertsjinje foar himsels en syn húshâlding. Yn 12 punt is dat in oerflak fan 40 rigels op 20 cicero breed. Yn seis punt 40 rigels fan 10 cicero.
Dat hie gefolgen foar de typografy fan de útjeften út dy tiid: As in wurd yn de setheak stie, waard standert in paske (!) brûkt as spaasje. Der waard meardere, net mindere.
It helpt echt as paskes brûkt wurde om oan de 800 kwadraten te kommen. Dêrby hie in hânsetter gjin inkeld belang by it minderjen fan de spaasjebreedte, as bygelyks in wurd net op in rigel koe. Minderje koste mear tiid, hielendal as oer de hiele rigel in like brede spaasje neistribbe waard. Minderje smiet minder oerflak op, en dat skeelde nochal yn de fertsjinste.
De romme spaasjebreedte dy’t jo fine yn achttjinde- en njoggentjinde-iuwskee boeken, is dan ek net it gefolch fan estetyske oerwagings, mar allinnich in puer gefolch fan ekonomy; nammentlik de wize sa’t de oanhelle faklju betelle waarden.
Begjin tweintichste iuw wie it benammen Jan Tschichold, dy’t yn syn skriften tsjin dy praktyk yn gie en in lâns briek foar in behindiger spaasjebreedte tusken de wurden. Om twa redenen koe dat doe wol yngong fine: de ynfiering fan oerleanen yn de setterij: de hânsetter hie gjin belang mear by brede spaasjes. de ynfiering fan de hite-lead-setmasines:Linotype, Intertype, Ludlow, Monoline, Typograph en Monotype.
It duorre noch wol in hoart ear’t in lytsere spaasjebreedte de noarm wurden wie, en ek de hânsetters harren âlde gewoantes litten hiene foar wat se wiene.
By ekstreem kursive letters koe it foarkomme dat in part fan it letterbyld sa fier oerhong, dat dat part fan de letter stipe wurde moast troch in heechspaasje. Oan it begjin of de ein fan it wurd koe dat nedich wêze, yn in wurd stypje letters inoar genôch by sokke lettertypen. Sa’n heechspaasje wie dan net bedoeld as spaasje yn de betsjutting fan romte tusken letters of wurden, mar hie allinnich as doel meganyske stipe te wêzen om ôfbrekken by it printsjen foar te kommen.
Hurde spaasje
bewurkje seksjeYn de kompjûterwrâld is de hurde spaasje in spesjaal karakter dat brûkt wurde kin yn stee fan in gewoane spaasje om foar te kommen dat in tekst oan de ein fan in rigel op it plak fan de spaasje automatysk ôfbrutsen wurdt. De hurde spaasje kin bygelyks brûkt wurde tusken in foarletter en in efternamme, om te soargjen dat de folsleine namme altyd yn syn gehiel op ién rigel komme sil te stean en net nei de foarletter al ôfbrutsen wurdt, of tusken de tûzentallen by gruttere tallen, sadat as bygelyks trijetûzen yn sifers skreaun wurdt dat net liede sil ta in 3 op de iene en 000 op de folgjende rigel. Yn HTML is de koade foar de hurde spaasje - in ôfkoarting foar de Ingelske term non-breaking space.
Ferkeard spaasjegebrûk
bewurkje seksjeYn it Frysk is de regel dat (op wat lytse útsûnderings nei) gearstallings fan wurden hielendal oaninoar skreaun wurde moatte (lykas ‘fytsemakker’ en ‘langetermynplenning’). Dochs wurde yn gearstallings yn it Frysk gauris spaasjes brûkt dêr’t dat net mei (bygelyks ‘fytse makker’, ‘lange termyn plenning’ en ‘lytse doarpe belied’).
Oar spaasjegebrûk as yn it Frysk
bewurkje seksjeDe spasjearring kin de taal oars wêze. It Ingelsk bygelyks brûkt spaasjes dêr’t it Frysk dy net brûkt. Ek kwa spasjearring by sifergroeppearring binne de ferskillen grut. De measte Jeropeeske talen groepearje sifers de trije yn tûzentallen (ién milhard: 1 000 000 000), oare talen (û.o. it Sineesk) groepearje sifers de fjouwer (ién miljard: 10 0000 0000).
Yn stee fan spaasjes waarden dêrfoar ek gauris punten (1.000.000.000), skrapkes (1,000,000,000) of (minder faak) apostrofs of inkelde klammerkes (1'000'000'000) brûkt.
Yn URL's
bewurkje seksjeYn URL's wurdt in spaasje gauris werjûn mei %20
. 20 is de heksadesimale werjefte fan de ASCII-koade foar in spaasje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|