Spinifeksdo
De spinifeksdo (Geophaps plumifera) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e dowen. De do is in endemyske soarte yn Austraalje en is ferneamd nei it gers dat yn drûge gebieten fan Austraalje groeid.
spinifeksdo | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Geophaps plumifera | ||||||||||||
Gray, 1842 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe dokes wurde 20 oant 23,5 sm lang en wege 82 oant 130 gram. It is in meast sânkleurige fûgel mei in karakteristike rjochtopsteande toefe en swarte streken, dy't dwers oer it bealchje rinne. De kop hat in swarte wynbraustreek fan 'e snaffel oant de nekke en in swarte streek ûnder it each fan 'e snaffel oant it each. Tusken dy swarte streken is de hûd neaken en read. De foarholle fan 'e spinifeksdo is griis en de toefe sânkleurich, wylst it griis fan 'e foarholle noch wat langer yn in streek de swarte wynbraustreek bylâns folget. Under de snaffel hawwe spinifeksdowen in wite flek, dy't nei it wang ta yn griis oergiet, wylst op 'e kiel ûnder de wite flek in swarte bân rint, dy't nei de wangen ta breder wurdt. Op it boarst ha de fûgels tusken de wjukken in opfallende swart/wite bân yn 'e foarm fan in heale moanne. De poaten binne poarpergriis oant poarperbrún.
Tusken mantsjes en wyfkes binne gjin ferskillen yn kleuren, wol binne de wyfkes wat lytser as mantsjes. Juvenile fûgels hawwe blekere kleuren en binne om it each net read.
Fersprieding
bewurkje seksjeSpinifeksdowen komme foar op 'e drûge gebieten yn Austraalje, dêr't it gers fan it skaai Spinifex groeid en wêr't tagelyk wetter is.
Iten en briede
bewurkje seksjeSpinifeksdowen ite it sied fan it gers. Se kinne it hiele jier troch briede en dogge dat yn 'e regel nei't it reint hat.
Undersoarten
bewurkje seksjeDer binne trije ûndersoarten:[1]
- G. p. ferruginea, Pilbara, Gascoyne en West-Austraalje
- G. p. leucogaster, Sintraal en East-Austraalje
- G.p. plumifera, Kimberley (W.A.) en it Noardlik Territoarium
By de ûndersoarte G.p. ferruginea is de swart/wite bân op it boarst folle smeller as by de oare ûndersoaren. Dy ûndersoarte hat ek in oranje iris, wylst de oare twa ûndersoarten in giele iris ha. De G.p. ferruginea is ek op it ûnderbealchje sânkleurich, wylst de oare twa ûndersoarten dêr wyt binne. Fan 'e G.p. plumifera en de G.p. ferruginea komme yn it grinsgebiet fan é fersprieding fan 'e beide soarten yn Kimberley hybride foarmen foar.
Status
bewurkje seksjeDer is gjin oanlieding om te tinken dat de do yn oantallen efterút giet. It ferspriedingsgebiet yn Austraalje is grut. De fûgel stiet dêrfandinne as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|