Spûkeplasse
(Trochferwiisd fan Spoekeplas)
De Spûkeplasse (Stellingwerfsk en offisjeel: Spoekeplas) is in mar yn de gemeente Weststellingwerf. De plasse leit yn de Westerske Fjild bosken súdwest fan Noardwâlde yn de saneamde kuierbosk Spoekedaam en hat ek in strântsje.
De namme Spoekeplas jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Spokeplas.