Sportsintrum Skuttersfjild
Sportsintrum Skuttersfjild is in multyfunksjoneel sportpark yn de gemeente Snits.
Histoarje
bewurkje seksjeOp 16 augustus 2004 begûn de oanlis fan it sportsintrum Skuttersfjild yn Snits nei in oankundige sluting fan Sportpark Noorderhoek. Wethâlder Hans van den Broek sloech op 27 oktober 2004 offisjeel de earste peal. De wurksumheden duorren oant 31 desimber 2006. Op 1 juny 2007 iepene de gemeente Snits mei de sportferienings it park mei in wykeinfoljende iepening.
Gebrûk
bewurkje seksjeSportsintrum Skuttersfjild is multyfunksjoneel en wurdt brûkt troch:
- AV Horror (in atletykbaan, klaaikeamers en kantine)
- KV de Waterpoort (twa kuorbalfjilden, klaaikeamers en kantine)
- Fuotbalferiening Waterpoort Boys (twa fuotbalfjilden, klaaikeamers en kantine)
- Fuotbalferiening Black Boys (twa fuotbalfjilden, klaaikeamers en kantine)
Dêrneist binne op it sportpark:
- in 400 meter skeelerbaan
- in fytssirkwy fan ± 1.500 meter
- in honkbalfjild anneks keatsfjild mei foar dizze foarsjennings nedige romten
- in sporthal mei in gymnastyklokaal en Klimmuorren
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|