Sport
In sport is in fysyk spul of tinkspul, dêr't neffens in reglemint wedstriden yn spile wurde foar in kampioenskip. Dat wol net sizze dat der allinnich soksoarte wedstriden spile wurde, mar mear dat der njonken de regels fan it spul, ek de regels binne foar it organisearjen fan wedstriden.
Skiednis
bewurkje seksjeSport is al bekind út de klassike âldheid. Yn it bysûnder wit men dat ferskate steaten doe spullen organisearren. De ferneamdste fan dy spullen wienen de Olympyske Spullen. Yn de moderne tiid krige de ynternasjonale sport mei it opkommen fan de naasjes in grutte ympuls, wat úteinlik laat hat ta de hjoeddeiske opset mei lânskampioenskippen en wrâldkampioenskippen.
Typysk Fryske sporten
bewurkje seksjeKategoryen
bewurkje seksjeSporten kinne nei kenmerkende hanneling yn kategoryen opdield wurde. Hjir in yndieling yn kategoryen, mei foar eltse kategory wat foarbylden:
Sporten dêr't op in formele wize by fochten wurdt:
Sporten dêr't by besocht wurdt de bal, of wat oars, yn it doel fan de tsjinstander te spyljen:
Sporten dêr't by besocht wurdt de bal sa werom te spyljen dat de tsjinstander in fout makket:
Sporten dêr't in doel rekke of helle wurde moat. In kenmerk fan dizze sporten is dat der gjin trochgeande ynteraksje is:
By dizze sporten giet it meast om it ôflizzen fan in ôfstân yn sa min mooglik tiid. It komt lykwols ek foar dat der in sa grut mooglike ôfstân yn in beskate tiid ôflein wurde moat.
Sporten dêr't op ien stuit gâns de prestaasje levere wurde moat:
Alhoewol't dizze sporten faak besibbe binne mei de doersporten is hjir de útfiering it doel:
Dizze sporten binne dwaande mei it behearskjen fan it ûnbehearskbere: in auto, in boat, in hynder. It doel kin de faasje wêze, mar ek de graasje:
Dit binne sporten dy't meast op geastlike feardigens oankommme:
- Bridge
- Poalsk Damjen
- Frysk Damjen
- Go
- Skaken
Kombinaasjesporten
bewurkje seksjeDer binne ek sporten dy't opset binne as kombinaasje fan twa of mear oare sporten:
Oare yndielings
bewurkje seksjeNjonken nei type hanneling wurde sporten ek op oare wizen yndield:
Sportwrâld
bewurkje seksjeDe sportwrâld is almeast organisearre yn sportferienings, lanlike sportferienings en wrâldsportassosjaasjes. In bysûnder plak wurdt ynnaam troch de organisaasjes fan sporteveneminten, lykas de Olympyske Spullen.
Gallery
bewurkje seksjeSjoch ek
bewurkje seksjeTema:Sport – Wikipedy hat ek in temaside oer sport
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Wikiwurdboek-side - sport