Sprakelhoutblaujurkje

(Trochferwiisd fan Sprakelbeamblaujurkje)

It sprakelhoutblaujurkje (Celastrina argiolus) is in flintersoarte yn it skaai fan de beamblaujurkjes (Celastrina).

sprakelhoutblaujurkje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje reachwjukflinters (Lycaenidae)
skaai beamblaujurkjes (Celastrina)
soarte
Celastrina argiolus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

De flinter komt hiel algemien yn Nederlân foar. It is dan ek in algemiene stânflinter.

 
It sprakelhoutblaujurkje.

Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as net bedrige.

De foarwjuklingte is ûngefear 14 mm. De boppekant fan de wjukken is by de mantsjes wetterich blau mei ljochte swarte rânen. By it wyfke is dizze râne breder. De ûnderkant fan de wjukken is sulver mei lytse swarte plakken. De efterwjuk hat gjin eachplakken en gjin sturtsje. De flinters frette daudrippen, sappen fan bliedzjende beammen en nektar. De flinter fleant heech yn strûken of beammen.

De flinter is fan begjin maart ôf oant ein juny te sjen. De twadde generaasje tusken heal juny oant oktober. It sprakelhoutblaujurkje fljocht yn twa en soms yn trije generaasjes.

Jonge rûpen ite foaral knoppen of de fruchten fan de plant. Gruttere rûpen frette ek wol de blêden. De soart oerwinteret as healwaaksrûp tusken de blêden.

De rûp fret fan de hûnemigershout, stikelhout, hulst, klimop, biezemheide, kattesturt en de flinterstrúk.