Sprookjeswonderland
Sprookjeswonderland is in temapark yn Inkhuzen yn de provinsje Noard-Hollân. It park rjochtet him op famyljes mei lytse bern.
Sprookjeswonderland | ||
ferdivedaasjepark | ||
Baron von Münchhausen (2008) | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Inkhuzen | |
plak | Inkhuzen | |
adres | Kooizandweg | |
koördinaten | 52° 42' NB, 5° 17' EL | |
bysûnderheden | ||
type | Temapark | |
tema | Mearkes | |
eigner | Famylje de Vries | |
iepen | 1973 | |
oerflak | 5,6 ha | |
attraksjes | 11 | |
wetterattr. | 1 | |
gebou | ||
boujier | 1991 | |
offisjele webside | ||
Webstee Attractiepark Slagharen | ||
kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksje"Sprookjeswonderland" is yn 1973 ûntstien. Wim de Vries, oprjochter en direkteur fan it park, makke doe foar de grap in kabouterpop. Dy bliek in sukses en al gau waarden der nije poppen makke. Yn it begjin reizgen de poppen oer toeristyske merken yn de binnenstêd fan Inkhuzen.
Yn 1981 waard der flink útwreide en kamen der in kabouterdoarp, in bernebuorkerij en boarterstún by, alles yn it Wilhelminaplantsoen oan de noardeastkant fan de âlde binnenstêd. Ein jierren 80 klagen omwenners oer de drokte en it ôffal. Yn 1991 waard it echt te fol en wie der gjin plak om út te wreidzjen. It park ferhuze nei it rekreaasjegebiet "Enkhuizerzand", lizzend oan de râne fan Inkhuzen, oan de oare kant fan de seemuorre en hast daalks oan it Iselmar. Yn 1998, by it 25-jierrich bestean, iepene kastiel "Violinde". It kastiel is makke op wiere grutte. Yn 2010 kaam der in nij yntreegebou mei ûntfangstplein.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|