Stêdetrijehoeke
De Stêdetrijehoeke (Nederlânsk: Stedendriehoek) is in bestjoerlik gearwurkingsferbân tusken sân Gelderske gemeenten en de Oeriselske gemeente Dimter. It gebiet omfiemet de trijehoeke om de stêden Apeldoarn, Dimter en Sutfen. De krite hat goed 447.000 ynwenners en in oerflak fan 1.183 km². De krite Stêdetrijehoeke is in iepenbier lichem op grûnwurk fan de Wet mienskiplike regelingen. (WGR). De Stêdetrijehoeke brûkt sûnt 2016 gauris de namme Cleantech Regio.
Stêdetrijehoeke Stedendriehoek | ||
Iselbrêge by Dimter | ||
polityk | ||
lân | Nederlân | |
provinsjes | Gelderlân Oerisel | |
grutste plak | Apeldoarn | |
sifers | ||
ynwennertal | 447.573 (2022) | |
oerflak | 1.183,62 km² | |
oar | ||
stifting | 1993 | |
kaart | ||
Bestjoer
bewurkje seksjeIt bestjoer wurdt foarme troch de Kriteried en it Deistich Bestjoer. De Kriteried is it algemien bestjoer fan it iepenbier lichem Stêdetrijehoeke. De ried bestiet út 14 persoanen' twa de meidoggende gemeente, mei dêrnjonken in plakferfangend lid de gemeente. De leden, mei de foarsitter ynbegrepen, wurde troch de rieden fan de meidoggende gemeenten oanwiisd. De Kriteried komt fjouwer kear yn 't jier byinoar en de gearkomsten binne iepenbier. It Deistich Bestjoer bestiet út njoggen leden' ien lid fan de sân meidoggende gemeenten út de Kriteried wei en foar beide provinsjes in deputearre as adviseur. It foech fan it deistich bestjoer is te ferlykjen mei it foech fan it kolleezje fan b & w op gemeentlik mêd. It Deistich Bestjoer komt njoggen kear yn t jier byinoar en de gearkomsten binne net iepenbier.
Skiednis
bewurkje seksjeDe namme "Stêdetrijehoeke" komt út de 1960-er jierren doe't de gemeente Dimter in feriersoerienkomst mei guon Gelderske gemeenten sleat. Ier 1970 waard de Stifting Keargroep Stêdetrijehoeke oprjochte. Dêr wiene de gemeentebestjoeren fan Apeldoarn, Dimter, Voorst en Sutfen by belutsen. De stifting waard mei yngong fan 1 jannewaris 1986 opheft omreden it bytsje belangstelling fand e belutsen gemeenten.
De hjoeddeistige Krite Stêdetrijehoeke, dy't as gearwurkingsferbân oer provinsjegrinzen hinne tsjinnet, ûntstie by it besluten fan provinsjale steaten fan Gelderlân en Oerisel yn oktober 1993 De oanwizing en meitsje in stedsgewest fan de gemeenten Apeldoarn, Dimter en Sutfen yn de Fjirde Nota Romtlike Oardering wie de wichtichste reden om eardere gearwurkingsferbannen yn beide provinsjes te ferbrekken en oer te gean nei de Krite Stêdetrijehoeke. De namme Stêdetrijehoeke waard fannijs keazen om't dy namme al lang yn gebrûk wie.
Yn 2001 hawwe oanbelangjende gemeente- en provinsjebestjoeren de yntinsje útsprutsen en ûntjou oparbeidzjend belied op mêd fan romtlike oardering, wenjen, ferkear, ekonomy en sosjale saken itjinge late ta in publykrjochtlik gearwurkingsferbân. Yn septimber 2018 waard de gemeente Heerde ta de Krite Stêdetrijehoeke talitten.
Meidoggende gemeenten
bewurkje seksjeGemeente | Ynwenners (1 jannewaris 2024) |
Provinsje |
---|---|---|
Apeldoarn | 168.193 | Gelderlân |
Brummen | 21.306 | Gelderlân |
Dimter | 103.485 | Oerisel |
Epe | 33.192 | Gelderlân |
Heerde | 19.225 | Gelderlân |
Lochem | 34.253 | Gelderlân |
Sutfen | 48.754 | Gelderlân |
Voorst | 25.388 | Gelderlân |
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |