St. Marien (Limburch oan de Lahn)
De Sint-Marijetsjerke (Dútsk: St. Marien) is in katolike kleastertsjerke yn it easten fan Limburch oan de Lahn yn de Dútske dielsteat Hessen. De tsjerke makket diel út fan it yn 1892 stifte kleaster fan de Pallottinen, doedestiids de earste delsetting fan dy kleasteroarder yn Dútslân.
Sint-Marijetsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Hessen | |
plak | Limburch oan de Lahn | |
adres | Frankfurter Straße 56 | |
koördinaten | 50° 22' N 8° 4' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Limburg | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Jan Hubert Pinand | |
boujier | 1925-1927 | |
boustyl | Ekspresjonisme | |
monumintale status | Kulturdenkmal | |
Webside | ||
Side parochy | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe Marijetsjerke waard op 2 oktober 1927 troch de biskop Kiliaan fan it bisdom Limburch oan de Lahn ynwijd. Yn de Twadde Wrâldkriich waard drige mei it sluten fan de tsjerke mei't de Gestapo beslach lein hie op de kleastergebouwen. Troch yn 1943 fan de tsjerke in parochytsjerke te meitsjen koe tefoarren kommen wurde dat ek de tsjerke sletten waard. Yn de tiid fan it nasjonaalsosjalisme binne meardere paters en bruorren fan de kongregaasje oppakt en ferstoarn yn finzenissen of konsintraasjekampen. Ien fan harren wie pater Richard Henkes, dy't in skoft yn Limburch oan de Lahn tsjinne hat en yn Dachau ferstoarn is. De Marijetsjerke hat mei de rest fan it kleaster de status fan monumint.
Arsjitektuer
bewurkje seksjeMei in grutte ynset fan de Pallotynske geastliken sels waard de tsjerke tusken 1925 en 1927 yn de styl fan it ekspresjonisme neffens in ûntwerp fan Jan Hubert Pinand boud.
De noardeastlike kant docht oan in romaansk midsiuwsk westwurk tinken. De iepening yn it midden fan de gevel is yn twaën ferdield. Yn it ûnderste diel binne glês-yn-leadramen ynbrocht, wylst yn it boppeste diel iepenings foar de klokken binne. Troch de twa yn ferhâlding ta de machtige foargevel lytse spitsen waard bewust besocht it oertreffen fan de domtsjerke tefoarren te kommen.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Heechalter
-
Preekstoel
-
Piëta
-
Oargel
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:St. Marien (Limburg an der Lahn)
|