Stac an Armin
Stac an Àrmainn
Basis ynformaasje
Namme Stac an Armin
Lân Skotlân
Eilannegroep Sint-Kilda-arsjipel
Lokaasje Atlantyske Oseaan
Ynwenners 0
Oerflak 9,9 hektare

Stac an Armin (Skotsk-Gaelysk: Stac an Àrmainn) is in rotspylder (stac) fan 196 meter hichte yn de St. Kilda-arsjipel. It is de heechste stac fan Grut-Brittanje.

Sint-Kilda

Stac an Armin betsjut 'rots fan de soldaat/strider'. Der binne oerbliwsels fan tydlik, net frijwillich ferbliuw, op de stac foar de jagers dy't dêr aaisochten en fanwege rûge see net fuortkomme koene. De rots wurdt hjoed oan de dei wol brûkt troch klimsporters. Stac an Armin hie eartiids in koloanje Grutte Alken dy't no útstoarn binne. Tsjintwurdich wurdt it fûgellibben dêr beskerme.

Stac an Armin leit 400 meter benoarden Boreray en tichtby de 172 meter hege Stac Lee.