Stainach-Pürgg is in gemeente yn it distrikt Liezen yn de Eastenrykske dielsteat Stiermarken.

Stainach-Pürgg
Flagge Wapen
Polityk
Lân Eastenryk
Dielsteat Stiermarken
Sifers
Ynwennertal 2.820 (1 jannewaris 2020)
Oerflak 73,1 km² km²
Hichte 655 m
Oar
Stifting 2015
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside www.stainach-puergg.gv.at

De gemeente waard yn 2015 stifte yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling yn Stiermarken troch gearfoeging fan de stêd Stainach en de gemeente Pürgg-Trautenfels.

Yn de gemeente lizze sân plakken. Dêrfan is Stainach fierwei it grutste plak:

  • Niederhofen
  • Pürgg
  • Stainach
  • Trautenfels
  • Unterburg
  • Untergrimming
  • Zlem

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Toerisme foarmet in wichtige boarne fan ynkommen yn de gemeente. Slot Trautenfels en it skildereftige doarpke Pürgg soargje foar in soad toeristen. Dêrnjonken is it gebiet populêr by berchbeklimmers, dy't foar it beklimmen fan de Grimming en it Totes Gebirge komme. Yn it Wörschachwald leit in lyts wintersportgebiet en ek de Spechtensee wurdt in soad troch toeristen besocht.

  • Niederhofen: let-goatyske Ruperttsjerke;
  • Trautenfels: Slot Trautenfels;
  • Pürch: roomsk-katolike parochytsjerke Sint-Joaris (Kirche hl. Georg);
  • Pürch: Jehanneskapel;
  • It geografyske sintrum fan Eastenryk (Mittelpunkt Österreichs).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side