Staniastate (Reitsum)

Staniastate, ek Grut Stania, is in eardere state en terp yn Reitsum en stiet noardeast fan Lichtaard yn de gemeente Ferwerderadiel. De terp Stania is in beskerme archeologysk monumint, út de foar-Romeinske izertiid.

De stins is boud yn of foar de 15e iuw. Fan de state is neat werom te finen, op it âlde steed stiet yn 2010 in pleats. De pleats by Staniahûs waard al yn 1511 troch de Stania's ferpachte. Under Reitsum bringt yn 1511 Peter as meier fan 'Jeppa to Stanijehuus' lannen oan; yn 1548 is Jan Thijs meier fan de erfgenat fan Jeppe Stania. Ek 'Claes Jans to Staniehuijs' bringt lân oan as meier fan Jeppe Stania's erven. It Benefisjaalboek fermeldet 'Stammehuis waar Clard op woont en Stanialanden door Lutke Stania in gebruik'. Under Nijewier komt lykwols yn it Register van de Aanbreng fan 1511 foar Gerck Stanie bern as lânhear. Gerck Stanie wie ien fan de edelen dy't yn 1491 in ferbûn mei Grins sleaten (Pax Groningana nr. 47 en 48). Boppeneamde Jeppe wie syn soan. Yn 1552 moasten Tjepke Stania en Rijnnert Andries derfoar soargje dat in harnas, spies en degen foar hannen wienen yn Reitsum. Dat sil lêzen wurde moatte as Tjepke op Stania as meier. Ek yn 1578 komt der gjin edelman foar yn Reitsum (Reg. v. d. Pers. Imp., R. A. Leeuwarden).

Omtrint 1440 is der sprake fan in Taecke Stania dy't mei in Etheca troud is. Nei de dea fan Taecke wertroude syn widdo mei Sipcke Beyntema, dy't de namme Stania fan syn "foargonger" oernaam. De soan fan Sipcke hjitte Abbe Stania. Dy Abbe hie twa soannen, 'Syds te Reytseim en Gercke'. Syds te Reytseim hie wer in soan Abbe, dy't grif grytman fan Ferwerderadiel west hat en sûnder bern ferstoarn is.
Gercke Stanye wenne ûnder Nijewier en sleat him yn 1491 by it ferbûn mei Grins oan. Hy wie de heit fan Jeppe Stanye, dy't Boergonjersk gesind wie en yn 1511 en 1520 eigener fan Staniastate te Reitsum. Jeppe troude mei Margaretha fan Heemstra út Oentsjerk. Dit pear liet op stikken lân fan har âlden yn Oentsjerk in bûtenpleats sette dat se ek Staniastate neamden.
Dêrnei rint it laach Stania op 'e ein. Jeppe hie noch wol in soan mei de namme Poppe, mar dy is jong ferstoarn en mei de dea fan Jeppe yn 1544 soar it laach út.

Paul Noomen fermeldt dat it goed yn 1511 al lang in pleats wie, mar it feit dat de pleats net troch de lânhear sels brûkt waard is gjin bewiis dat de state der doe al net mear stie. Op de kaart fan Winsemius yn 1622 wurdt it noch as "adellijk huis" oanjûn. Oant yn de 19e iuw kaam it faak foar dat de lânhear by't simmer syn lângoed in skoft bewenjen kaam om him sa op de hichte te stellen fan it wurk. Dat wie net allinnich om de boer/behearder te kontrolearjen, mar faak waard der dan ek oerlein oer needsaaklike reparaasjes en soksawat. De meier mei syn frou wiene meast ek ferantwurdlik foar it deistige ûnderhâld fan it hûs fan de lânhear.

Yn 1640 wie jonkhear Weleveld eigener en Gerrit Pyters brûker. Yn 1698 is it goed eigendom fan jonker Sjuck Gerrolt fan Burmania, grytman oer Wymbritseradiel dy't yn Snits wennet en is Buwe Pyter syn widdo meier fan de pleats. Yn 1700 is de pleats 120 pûnsmiet grut (± 44 hektare). Yn 1728 is it yn hannen fan jonker Julius Ritske fan Sixma en wurdt it troch Tjalling Hansen brûkt. Yn 1718 lei njonken de pleats noch in stinswier dy't letter foar it grutste diel ôfgroeven is. De hjoeddeiske pleats is fan it kop-hals-romptype dêr't it foarhûs fan fernijd is.

  • oant 1441 Taecke Stanye
  • Sipcke Beyntema / Stania
  • 1448, 1467 Abbe Stanye
  • Syds te Reytseim
  • Abbe Stanye
  • 1511, 1520 Jeppe Stanye
  • 1548 erfgenamt fan Jeppe Stania
  • 1640 jonkhear Weleveld
  • 1698, 1700 jonker Sjuck Gerrolt fan Burmania
  • 1728 jonker Julius Ritske fan Sixma

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • A. Algra, De historie gaat door het eigen dorp
  • P.N. Noomen, De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg, De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, Ferwerderadiel, 1981
  • hisgis
  • Stinzen yn Fryslân