Stasjon Baflo (Bf) is in spoarweistasjon yn it doarp Baflo yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân. It waard iepene yn 1893 oan it Hegelânspoar fan Sauwerd nei Roodeschool dat yn 2018 trochlutsen waard nei de Iemshaven.

Stasjon Baflo
station Baflo
Stasjon Baflo (2015)
Stasjon Baflo (2015)
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente It Hegelân
plak Baflo
adres Stationsweg
arsjitektuer
stasjonskoade Bf
type GLS 1e klasse
iepening 16 augustus 1893
boujier 1891
monumintale status gemeentlik monumint
oare ynformaasje
perrons 1
perronspoaren 2
spoarline Hegelânspoar
Stasjon Baflo (1970)
Stasjon Baflo (1970)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Baflo (Grinslân)
Stasjon Baflo

Gebou bewurkje seksje

It stasjonsgebou fan Baflo is in Standerttype GLS 1e klasse, boud yn de jierren njoggentich fan de 19e iuw, en ien fan de fjouwer stasjons dy 't ea fan dit type boud waard. In ienfâldich heech rjochthoekig gebou mei twa ferdjippingen en in souder.

Troch ynspanningen fan de doetiidske gemeente Winsum bliuwt it stasjonsgebou fan Baflo yn de grutte sloopwoede fan de jierren ’60 en ’70 as iennichste oan de line nei Roodeschool bewarre. It gebou is oan de bûtenkant amper feroare en ek it ynterieur hat noch altyd hast de orizjinele opset. Yn 2019 is it stasjonsgebou beneamd ta gemeentlik monumint[1]. It stasjonsgebou is hjoed-de-dei yn gebrûk as ytgelegenheid.

Treinferbinings bewurkje seksje

Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
RS 4
37600
Stoptrein (Arriva) GrinsBafloRoodeschoolIemshaven Fjouwer of fiif treinen deis fan en nei Eemshaven

Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: