Stasjon Duiven
Stasjon Duiven (Dvn), iepene op 15 febrewaris 1856, is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Duiven yn de provinsje Gelderlân. It stasjon leit oan de Rhijnspoarwei (Amsterdam Sintraal - Elten).
Stasjon Duiven station Duiven | ||
Stasjon Duiven yn 2015 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Gelderlân | |
Gemeente | Duiven | |
plak | Duiven | |
adres | Noordelijke Parallelweg 2t | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Dvn | |
iepening | 15 febrewaris 1856 1 juny 1980 Weriepening | |
sluting | 4 oktober 1936 | |
boujier | 1853 1e stasjonsgebou 1980 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1944 1e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1862 Arsjitekt ûnbekend 1e stasjonsgebou 1982 C. Douma 2e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Rhijnspoarwei | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Gebou
bewurkje seksjeIt oarspronklike stasjonsgebou fan Duiven wie in ienfâldig rjochthoekig stasjonsgebou fan oardel ferdjipping heech en wie grutdiels yn gebrûk as wenning. In pear romten wiene foar de stasjonsfunksjes ynrjochte. It stasjon waard sletten yn 1936, yn 1944 rekke it stasjonsgebou yn de Twadde Wrâldkriich slim skansearre en waardt sloopt. It stasjon waard yn 1980 weriepene, der kaam by de weriepening in stasjonsgebou fan de hân fan arsjitekt Cees Douma, fergelykber mei de stasjonsgebouwen fan Felp en Elst.
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
RS 32 30700 |
Stoptrein (Hermes) | Arnhim Sintraal – Duiven – Doetinchem | rydt net yn 'e jûnsoeren (nei 20:00 oere) en it wykein. Fersoarget tegearre mei Arriva in kertiertsjinst tusken Arnhim Sintraal en Doetinchem. |
RS 32 30900 |
Stoptrein (Arriva) | Arnhim Sintraal – Duiven – Doetinchem – Winterswyk | Fersoarget tegearre mei Hermes troch de wike oant 20:00 oere in kertiertsjinst tusken Arnhem en Doetinchem. |
RS 32 36900 |
Stoptrein (Arriva) | Arnhim Sintraal – Duiven – Doetinchem – Terborg | Rydt allinnich op sneintemoarn en allinnich rjochting Terborg. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|