Stasjon Haarlim Spaarnwoude
Stasjon Haarlim Spaarnwoude (Hlms) is in spoarweistasjon yn de stêd Haarlim yn de provinsje Noard-Hollân en waard iepene yn 1998 oan de Alde line (Amsterdam Sintraal - Rotterdam Sintraal). It is in typyske foarstêd stasjon mei in tal abrys, in iepen fytsestalling mei fytsklûzen, en der binne in pear parkearplakken oanwêzich, en is foarsjoen fan in opfallende brêge dy't njonken it spoar ek de A200 oerspant. Yn 2019 is de brêge foarsjoen fan liften ek binne der twa hellingbanen kaam om it stasjon tagonklik te meitsjen foar reizgers mei in rolstoel[1].
Stasjon Haarlim Spaarnwoude station Haarlem Spaarnwoude | ||
Stasjon Haarlim Spaarnwoude yn 2007 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Haarlim | |
plak | Haarlim | |
adres | Robertus Nurksweg 13 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Hlms | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 24 maaie 1998 | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Alde line | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
4800 | Sprinter (NS) | Amsterdam Sintraal – Haarlim Spaarnwoude – Haarlim – Alkmar – Hoarn | Rydt fan 20.00 oere ôf ien kear yn de oere tusken Alkmar en Hoarn. |
5400 | Sprinter (NS) | Amsterdam Sintraal – Haarlim Spaarnwoude – Haarlim – Zandvoort aan Zee | Ryd jûns nei 20:00 en yn it wykein net tusken Amsterdam Sintraal en Haarlim. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|