Stasjon Helmond Brouwhuis
Stasjon Helmond Brouwhuis (Hmbh) is in spoarweistasjon yn de stêd Helmond yn de provinsje Noard-Brabân en waard iepene yn 1986 oan de Steatsline E (Breda - Maastricht). It stasjon waard iepene foar ynwenners fan de Helmondske wiken ' Brouwhuis en Rijpelberg. It ûntwerp is fan de hân fan arsjitekt Rob Steenhuis, it betonnen fjouwerkante gebou is in foarbyld fan in foarstedshalte Der is in iepen fytsestalling mei fytsklûzen oanwêzich. Yn it stasjonsgebou, dêr 't earst kaartferkeap plakfûn, sit hjoed-de-dei hoareka.
Stasjon Helmond Brouwhuis station Helmond Brouwhuis | ||
Stasjon Helmond Brouwhuis yn 2011 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Brabân | |
Gemeente | Helmond | |
plak | Helmond | |
adres | Deltaweg 6 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Hmbh | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 1 juny 1986 | |
arsjitekt | R.M.J.A. Steenhuis | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Steatsline E | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
4400 | Sprinter (NS) | Oss – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Helmond – Helmond Brouwhuis – Deurne | Wurdt op woansdei - en tongersdeitejûn nei 23:00 oere fan Eindhoven Sintraal nei Deurne ferfongen troch sprinter 14400. |
14400 | Sprinter (NS) | Eindhoven Sintraal – Helmond – Helmond Brouwhuis – Deurne | Rydt allinnich op woansdei - en tongersdeitejûn nei 23:00 as ferfanging fan sprinter 4400 en allinnich rjochting Deurne. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|