Sterke Yerke

(Trochferwiisd fan Sterke Yerke III)
Dizze side giet oer it flot de Sterke Yerke. Foar de man dêr't dat flot nei ferneamd wie, sjoch: Sterke Jerke.

De Sterke Yerke wie de namme fan in trijetal flotten dy't yn de santiger en tachtiger jierren fan de 20e iuw in soad yn it nijs west hawwe. De namme is ûntliend oan de legindaryske Sterke Jerke dy't begjin 19e iuw yn Droegeham wenne hat. Dy hiet eins Heerke Tjerks Witteveen. Hearke waard ta Jerke.

Sterke Yerke III (1979)

De Sterke Yerke begûn as in flot dat troch in stik of wat Ljouwerter jongelju fan oaljedrums boud wie. Earst waarden by Grou in tal proeffearten makke. Om sponsors te lûken moast in goed doel oan it aventoer febûn wurde. De Ljouwerters krigen in soad omtinken fan de parse. Alle moannen waard in "Yerke sjoernaal" hûs oan hûs besoarge yn Ljouwert en bekende artysten as Marco Bakker joegen benefytkonserten. Yn 1974 waard der nei Skylge fard en waard propaganda makke foar behâld fan de Waadsee. Yn de simmer fan 1975 waard op 1 augustus besocht om de Noardsee oer te stekken, mar dat mislearre. It flot sloech stikken en waard ferneatige omdat gefaar foar de skipfeart oplevere.

Yn 1976 wie der in nij flot, de Sterke Yerke II dat der wol yn slagge om Londen te berikken út IJmuiden wei. Op 13 augustus kamen de tolve bemanningsleden oan by de Tower Bridge yn Londen. Doel wie om út te finen hoe fier men mei in flot farre koe. Der waarden no plannen makke om oer de Atlantyske Oseaan nei Kurasau te farren. Fan de eardere bemanning bleaunen Chris en Guus Schweigmann en Leo 'Paling' van der Ploeg oer. Frits Riemersma, studint biology, waard as fjirde bemanningslid taheakke. Frits waard mei oanlutsen om him ta te lizzen op it miljeu-aspekt fan de reis fan de Sterke Yerke III. It nije en gruttere flot Sterke Yerke III bestie út fiif oan inoar laske grutte buizen. Yn de buizen waard iten en drinken opslein. It flot hat ek te sjen west op de Recreana yn Ljouwert. Earst waard in proeffeart makke op de Ryn. Ien fan de doelen wie om sjen te litten dat it rivierwetter slim fersmoarge wie.

By de oerstek nei it Karybyske gebiet waard ek besocht om de smoargens fan it wetter oan te toanen. Nei in swiere reis fia Ingelân en de Kaapverdyske Eilannen ferdwûn it radiokontakt by Bonêre. Sechtich kilometer foar Willemstêd sonk it flot op 15 desimber 1979. It flot is letter fan de seeboaiem helle. Op Bonêre waard in monumint foar de bemanning oprjochte. Fan it aventoer is ek in film makke.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: