Stichting Saxo-Frisia
De Stichting Saxo-Frisia, wie in stifting mei as doel it behertigjen fan de kulturele belangen yn de Fryske en Saksyske goaen yn Nederlân. De stifting bestie fan jannewaris 1941 oant de hjerst fan 1944 en foel ûnder de Nederlânske SS.
Skiednis
bewurkje seksjeDe stifting waard oprjochte yn jannewaris 1941 nei in gearkomst fan de 'Volksche Werkgemeenschap'. Professor J.M.N. Kapteyn hie dêr in rede holden en oproppen ta bondeling fan de volksche krachten in het Noorden. De rede waard útbrocht ûnder de titel Friezen en Saksen, twee loten van den Germaanschen stam. De stichting krige deselde namme as it tydskrift foar folkskunde en besibbe saken dat Kapteyn twa jier earder oprjochte hie en dat polityk neutraal wie.
Op 24 maaie 1941 waard de ûnderôfdieling Fryske Rie fan de Stifting Saxo-Frisia offisjeel oprjochte.
De stifting Saxo-Frisia wie yn tsjinstelling ta it blêd mei deselde namme alderminst polityk neutraal: novimber 1941 kaam de stichting streekrjocht ûnder de lieding fan J.H. Feldmeyer, foaroanman fan de Nederlandsche SS te stean. Maar feitlik is de stichting nea ûnôfhinklik west, want Saxo-Frisia wie in regionale ôfdieling fan de yn septimber 1940 oprjochte Volksche Werkgemeenschap, dy't wer behearde ta de Dútske SS-organisaasje Ahnenerbe. Dat Kapteyn stie lykas Feldmeyer ûnder dr. Hans Ernst Schneider, lieder fan it Ahnenerbe-filiaal yn Nederlân.
De stifting kaam ek mei in spesjaal propagandageskrift, Drente spreekt. Een woord van de Stichting Saxo-Frisia voor den dag. Op ferskate plakken waarden yndie wurkgroepen oprjochte, sa as yn Borger en Assen. It ledetal waakste stadichoan, op 31 jannewaris 1944 telde Drinte 791 leden.
It wittenskiplik tydskrift Saxo-Frisia waard net gaadlik genôch achte as orgaan fan de stichting, dat der waard in nij blêd oprjochte, it moanneblêd Het Noorderland, dat har op in breder publyk rjochte en earst yn oktober 1941 ferskynde. It yn Fryslân healmoanliks ferskinende It Fryske Folk wie ek fan de stichting. Doe’t Kapteyn yn septimber 1944 - nei Dolle Dinsdag – nei Eastenryk reizge om dêr, sa’t de hjitting wie, in publikaasje ta te rieden, kaam der in ein oan de aktiviteiten fan de stifting Saxo-Frisia, dy’t nea folle te betsjutten hân hie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|