Het Noorderland
Het Noorderland wie in moanneblêd fan de Stichting Saxo-Frisia ûnder lieding fan de germanist J.M.N. Kapteyn dat tusken 1941-1944 ferskynde. De Stichting Saxo-Frisia wie yn prinsipe polityk neutraal, mar foel sûnt 1941 ûnder de Nederlânske SS. Yn Het Noorderland fentilearre benammen Kapteyn syn pro-Dútske politike opfettings.
Yn it earste jier fan ferskinen wiene der in lytse 300 abonnees.
Der stienen bydragen oer Fryslân yn fan ûnder oaren Tj. W. R. de Haan, M. W. Heslinga, W. Hielkema, Jan de Jager, Douwe Kalma, Douwe Kiestra, Dirk Kerst Koopmans, S.J. van der Molen, H. J. Popping, Klaas Sierksma, H. van der Vliet Sr. J. B. Vries (1911-1944), J. Werkhoven en germanist en folkskundige J.P.M.L. de Vries.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|