Dirk Kerst Koopmans
Dirk Kerst Koopmans, Skilder van de Scheene (Aldlemmer, 7 oktober 1906 - Balk, 5 maart 1998) wie in boeresoan dy'y opgroeide yn de Westhoek fan de gemeente Weststellingwerf en him ûntjoech ta keunstner, yllústrator en dichter.
Koopmans gie nei de legere skoalle yn Spangea en Skerpenseel. Hy folge in jûnsoplieding foar ûnderwizer mar makke dy net ôf. Hy waard fegetaarjer en hielûnthâlder. In soad belangstelling hied er foar de teosofy, in wiisgearige mystike lear dy't ôflaat is fan it hindoeïsme.
Hy ferfear yn 1928 frij ûnferwachts nei Súd-Amearika, nei in sintrum fan de advintisten yn it Argentynske Puiggari, in 500 km noardeastlik fan Buenos Aires. Nei in skoft sette er wer ôf nei oare plakken yn de omkriten fan Buenos Aires. Hy kaam oan de kost troch yllustraasjes te meitsjen foar boeken en tiidskriften. By de revolúsje yn Argentynje keas er partij foar de opstannelingen troch it meitsjen fan affysjes, folders en in kritysk tiidskrift. Begjin 1932 wiek er út nei Montevideo, yn Urûguay, dêr't er kontakt socht mei de ferfolge religieuze folksgroep.
Datselde jiers noch kearde er werom nei Nederlân. Syn tiid yn Súd-Amearika hat syn wurk tige beynfloede. Hy ferdjippe him yn de keunstfoarmen fan de Yndianen dêre, en soks is te sjen yn syn geometrysk abstrakte wurk út syn lettere jierren. Werom yn Weststellingwerf sette er him ta wenjen yn in âld arbeidershúske oan De Scheene. Doe't er letter noch in twadde húske kocht rjochte er dat yn as Scheenemuseum. Neist in tentoanstellingsromte foar eigen wurk wie der in permaninte eksposysje fan ferfeanters en reidsnijersark. De kolleksje waard letter oernomd troch it Iepenloftmuseum yn Arnhim. Koopmans wie ek dichter, en syn (Nederlânsktalige) gedicht Buenos Aires is troch oersetter Klaas Bruinsma yn 1986 fertaald yn sawol it Frysk as it Spaansk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|