Stone Cold Crazy is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn 1974 en waard útbrocht op it album Sheer Heart Attack fan Queen út 1974. Stone Cold Crazy wie it achtste nûmer op it album.

Stone Cold Crazy
algemiene ynformaasje
artyst Queen
album Sheer Heart Attack
taal Ingelsk
sjenre Hardrock
útbrocht 8 novimber 1974
opnommen july–septimber 1974
doer 2:16
label EMI
skriuwer Brian May,
Freddie Mercury,
Roger Taylor,
John Deacon
produsint Roy Thomas Baker en Queen

Oer it nûmer

bewurkje seksje

Stone Cold Crazy waard skreaun troch alle bandleden mei-inoar hoewol't Freddie Mercury it nûmer jierren foardat Queen oprjochte waard al spile mei syn band Wreckage. "Stone Cold Crazy" stiet bekend om syn rappe tempo en it gebrûk fan ferfoarmers foar gitaren.

  • Freddie Mercury – Sang
  • Brian May – Gitaar
  • John Deacon – Bas
  • Roger Taylor – Drums

Ferzje fan Metallica

bewurkje seksje
Stone Cold Crazy
algemiene ynformaasje
album Garage Inc
taal Ingelsk
sjenre Metal
útbrocht 1990,
29 july 1991,
24 novimber 1998
opnommen 1990
doer 2:17
label Elektra

Yn 1991 makke Metallica foar in kompilaasje album Rubáiyát: Elektra's 40th Anniversary fan it label Elektra in metalferzje fan it nûmer Stone Cold Crazy en brocht it letter út as B-kânt fan de single Enter Sandman. Yn 1998 brocht Metallica it album Garage Inc út mei allegear covers; it tsiende nûmer op de dûbeld-cd fan it album is Stone Cold Crazy fan Queen.