De striehalsibis (Threskiornis spinicollis) is in fûgelsoarte út it skaai hillige ibissen (Threskiornis) fan 'e famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte is foar it earst yn 1829 troch Robert Jameson publisearre.

striehalsibis
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae)
skaai hillige ibissen (Threskiornis)
soarte
Threskiornis spinicollis
Jameson, 1835
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
 
Kop fan 'e striehalsibis.

Striehalsibissen binne 60 oant 75 sm lange fûgels mei in spanwiidte fan 100 oant 120 sm. De 1,1 oant 1,5 kg swiere fûgel hat in donkergrize, keale kop, wylst de hals wite fearkes hat. Se ha in donkere rêch en kraach. It grutste part fan 'e nekke is wyt. Harren poaten binne meastentiids read en nei ûnder ta donkergriis. De fûgel tanket de namme oan 'e pykerige striegiele fearren oan 'e foarkant fan 'e hals by folwoeksen mantsjes. De rêch en de wjukken hawwe brune fearren dy't yn it ljocht brûns, blau en poarper irisearje.

Tusken mantsjes en wyfkes binne gjin hiel grutte ferskillen. Wyfkes ha in koartere snaffel en binne boppedat wat lytser. Se ha dêrnjonken in folsleine donkere bân oer it boarst; by mantsjes is dy bân healwei troch wyt ûnderbrutsen.[1]

Juvenilen ha in doffer fearrekleed, in koartere en wat minder kromme snaffel. Se ha net earder as yn it tredde oant it fjirde jier it fearrekleed fan in folwoeksen fûgel.

Troch de termyk te brûken kinne de fûgels op hichtes fan hûnderten meters fleane.

Fersprieding

bewurkje seksje
 
Striehalsibis yn Brisbane.

De fûgel libbet yn swietwettergebieten, sompen, lagunes en wiet of drûch gerslân yn Austraalje, Tasmaanje en Nij-Guineä. Yn Austraalje libbet de fûgel yn in hiel grut ferspriedingsgebiet, allinne yn it drûge sintrum fan it lân ûntbrekt de fûgel. De fûgel hat syn ferspriedingsgebiet de lêste desinnia fergrutte en hat fral profitearre fan it omsetten fan eardere wâlden yn greide- en lânbougrûn, de útwreiding fan yrrigaasjesystemen en it oanlizzen fan opslachmarren. Betingst is wol dat der groepkes beammen yn 'e omkriten binne om yn te rêsten. Boeren ha de fûgels graach op harren lân om 't de fûgels tige effektyf binne yn it bestriden fan gaanders. Striehalsibissen binne faak te sjen efter de ploege, dêr't se yn 'e opdolle grûn nei ynsekten sykje.

Ek as der mar foar in skoft wetter is wurdt it gebiet rillegau kolonisearre. Se komme ek wol yn beboud gebiet foar yn parken, sportfjilden en grienfoarsjennings.

De fûgel is foar in part in trekfûgel. In part fan 'e populaasje bestiet út stânfûgels en bliuwt by harren briedgebieten. In grut part migrearret yn beskate perioades oer lange ôfstannen en in tredde diel fan 'e populaas migrearret allinne as de omstannichheden dat needsaaklik meitsje.

 
Koloanje striehalsibissen.

It brieden bart yn wiete gebieten mei reit, strûken of beammen. De nêsten sitte yn 'e regel yn beammen, mar somtiden ek op 'e grûn op eilannen of oan 'e rannen fan wetlands. Yn East-Austraalje is de reintiid ek it begjin fan it briedseizoen.

De fûgels briede fan augustus oant jannewaris yn it suden fan it ferspriedingsgebiet en fan febrewaris oant maaie yn it noarden. Der wurde twa oant fiif aaien lein. Beide fûgels briede en de jongen komme nei 25 dagen út en dêrnei fleane se nei fiif wiken út.

Striehalsibissen binne wat sinniger as de Australyske wite ibis en sykje yn ûndjip wetter nei wetterdierkes, wringeleaze dierkes en kikkerts. Se ite ek gaanders, imerkes, hagedissen en lytse reptilen.

De populaasje waard yn 2018 op 100.000 oant in 1.000.000 folwoeksen fûgels rûsd. Op 'e Read list fan 'e IUCN stiet de fûgel as net bedrige klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

De side is foar in part in oersetting fan 'e Nederlânsktalige Wikipedyside nl:Australische witte ibis en de Dútsktalige Wikipedyside de:Australibis