Strjitte fan Drake
De Strjitte fan Drake of Drakestrjitte (Spaansk: Mar de Hoces) is in seestrjitte tusken de súdpunt fan Súd-Amearika, Kaap Hoarn en Antarktika. Hy ferbynt de Atlantyske Oseaan (Skotiasee) mei de Grutte Oseaan en heart ta de Súdlike Oseaan. It wetter is neamd nei de Britske seefarder en piraat Sir Francis Drake.
Strjitte fan Drake | ||
Strjitte Drake mei de grins tusken Sily en Argentynje. | ||
geografy | ||
type wetter | see-ingte | |
lokaasje | tusken Fjoerlân en Antarktika | |
lân | Argentynje Argentynsk Antarktika Britsk Antarktysk Terr. Sileensk Antarktysk Terr. Sily | |
koördinaten | 58°35′ S, 65°54′ W | |
ûnderdiel fan | Scotiasee | |
sifers | ||
maks. breedte | 800 km | |
djiptegemiddelde | 3.400 m | |
djipste punt | 4.800 m | |
De Strjitte fan Drake op in kaart mei in gruttere skaal. |
It seegebiet waard foar it earst befearn troch Willem Cornelis Schouten op it skip de Eendracht yn 1616, dy't ek Strjitte Le Maire befoer en ferneamde. De Strjitte fan Drake is 800 km breed en hat mar in pear eilannen, de Diëgo-Ramirez-eilannen, wat it de Antarktyske sirkumpolêre stream de mooglikheid jout de hiele wrâld om te gean. It is faak stoarmwaar yn de strjitte, en troch de hege weagen is it dêr dreech farren.
De oare twa passaazjes om Kaap Hoarn, it Beaglekanaal en Strjitte fan Magelhaan, hinne binne frijwat nau, en litte mar in bytsje romte om te manoevrearjen, benammen foar sylboaten. Dêrom kieze dy faak foar de Drakestrjitte dêr't se de romte hawwe, netsjinsteande de rûge seeën dêre. It gebiet hat in rike fauna. Walvisken, dolfinen, mar ek fûgels sa as albatrossen of pinguins hâlde dêr ta.