Strjitte fan Hormûz
De Strjitte fan Hormûz of Strjitte fan Ormoes (Perzysk:تنگه هرمز , Arabysk: مضيق هرمز) is in seestrjitte tusken de Perzyske Golf in it westen en de Golf fan Oman yn it easten. Benoarden dit wetter leit Iran en yn it suden lizze de Feriene Arabyske Emiraten en in eksklave fan Oman.
Strjitte fan Hormûz | ||
geografy | ||
type wetter | seestrjitte | |
lokaasje | tusken it fêstelân fan West-Aazje en it Arabysk Skiereilân | |
lân | Fer. Arabyske Emiraten Iraan Omaan | |
koördinaten | 26°36′ N, 56°30′ E | |
ûnderdiel fan | Perzyske Golf / Golf fan Omaan | |
sifers | ||
maks. lingte | 167 km | |
maks. breedte | 96 km | |
oerflak | ±11.000 km² | |
djipste punt | 198 m | |
Traffic Separation Scheme (TSS), oanjûn mei blauwe pylken |
Yn de strjitte lizze ferskate eilannen. Hormûz, Kish, Qishm, Aboe Musa en de Grutte en Lytse Tunbs. Dize eilannen binne strategysk fan grut belang.
Strategysk belang
bewurkje seksjeDe Strjitte fan Hormûz is in wichtige skipfeartrûte, benammen foar it ferfier fan ierdoalje út de Golfregio; it is de iennige útgong fan de Perzyske Golf. Trochstrings komme eltse dei sa'n 15 tankers mei 16.5 oant 17 miljoen fetten rauwe oalje troch dizze seestrjitte. Dit is 40% fan alle oalje yn de wrâld dat mei it skip ferfierd wurdt, en 20% fan alle wûne oalje yn de wrâld.
Op in parsekonferinsje op 18 desimber 1997 ferklearre pleatferfangend minister fan Bûtenlânske Saken fan Iran Abbas Maleki, dat Iran de frije skipfeart stipet, mar dat Iran wol it rjocht hat om de Strjitte te sluten yn gefal at it bedrige wurdt.
Ek yn it ferline wie de strjitte al strategysk wichtich. De Portugezen stiften der yn de 16e iuw in hannelspost op it eilân Hormuz. Dy waard lykwols yn 1622 troch sjah Abbas I mei help fan ûnder oaren de Ingelsman William Baffin ferovere en sa waarden de Portugezen út Iran ferdreaun. Abbas stifte doe de stêd Bandar Abbas, mei de bedoeling kontrôle oer it skipfeartferkear te krijen. De VOC krige doe in hannelspost yn dy stêd.
Navigaasje
bewurkje seksjeSkippen moatte yn de seestrjitte in Traffic Separation Scheme (TSS) oanhâlde, wat de skipfeart nei en fan de Perzyske Golf út elkoar hâldt om it risiko fan oanfarringen te beheinen. De farwei is ferdield yn twa banen fan 2 km breed, ien foar hinne en ien foar werom, dy't twa km út elkoar lizze.