Strjitten fan Aldhoarne
Wikimedia-list
De Strjitten fan Aldhoarne:
Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y
- Aldeberkeaperwei – Fan de Skoatterlânskewei nei de grins mei Weststellingwerf nei Berkeap. Oan de eastkant lizze de huzen yn Jobbegea (ûneven nûmers), oan de westkant yn Aldhoarne (even nûmers)..
- Aldhoarnesterkompenije – It ferfeante diel fan it doarp dat op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718 oanjûn stiet as 'Compagnys Veenen'.
- Alde Singel – Sûnt lang bekende singel, rinnende fan de knik yn de "Twadde Kompanjonswei" yn noard-eastlike rjochting lâns de grins fan Aldhoarne en Jobbegea mei Opsterlân oant de “Gordyksterwei”, en leit sadwaande yn Aldhoarne en Jobbegea. De wei waard yn 1955 ferhurde (yn 1928 waard hy al ferbettere). Stiet op de kaart fan Eekhof fan 1848 al oanjûn as "Het Singel".
- Bûtewei – rint bylâns de Skoatterlânskewei. It betreft hjir de saneamde Earste Bûtewei en waard by riedsbeslút fan 15 septimber 1958 Nieuwehornster Buitenweg neamd, letter omneamd ta Bûtewei. It yn Aldhoarne lizzende stik fan dizze wei hjit ek Bûtewei. Hiet fanâlds ek Earste Bûtewei. De saneamde Twadde Bûtewei hjit no de Siebe Anneswei. Op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718 is de wei oantsjutten as "Buyten Wech".
- Earste Stiftingspaad – fan de Alde Singel nei de Skoatterlânske Kompanjonsfeart bylâns it Twadde Stiftingspaad. De namme komt fan de P.W. Janssens Fryske stifting, dy’t troch ûntginnings in soad foar de foarútgong fan de doarpen yn de easthoeke fan Skoatterlân bydroegen hat. De stifting hat in soad arbeiders by steat steld har ta lytse boeren op te wurkjen. P.W. Janssen wie in rike Amsterdammer, waans inisjativen ta it foarútbringen fan gedielten fan Opsterlân en Skoatterlân falle om 1900 hinne. Hy hat in soad boerespultsjes sette litten.
- Eilewyksreed – de namme fan de reed dy’t de Skoatterlânskewei ferbynt mei de Twadde Kompanjonswei is al âld. Op de kaart fan Eekhof fan 1848 hat it noard-súd rinnende diel fan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart de namme 'Eile-Wyk.' Der sil eartiids in Eile wenne hawwe.
- Jan Klazes Bosmaleane – ferbynt de "Siebe Anneswei" mei de Skoatterlânskewei en kruset de Bûtewei. Eartiids stie dizze wei bekend as 'reed by Schumacher' en waard letter yn de folksmûle al "Bosma's leane". Neamd nei Jan Klazes Bosma (Rotsterhaule, 14 oktober 1833 – Grins, 1 novimber 1934) , dy’t foar de Unôfhinkliken riedslid fan Skoatterlân west hat fan 6 septimber 1927 oant syn ferstjerren op 1 novimber 1934. Hy hat in soad foar it doarp dien en betsjutten.
- Jonkerslânreed - rint fan de knik yn de Twadde Slûswei oant de Rozenbergswyk ûnder Jobbegea. De hjir bedoelde 'Jonker' wie in jonker út it geslacht Van Dekema, dat yn dizze omkriten in grut oandiel yn de ferfeantingen hie. Dizze jonker fan Dekema wenne yn Koartsweagen. Lang hat hjir de 'Jonckers Vaart' lein, dy’t lykwols op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718 al as ferfallen oanjûn wurdt.
- Rozenbergswyk – fan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart "Twadde Kompanjonswei"/ "Hindrik de Voswei" yn súdeastlike rjochting oant de Skoatterlânskewei. Wie in besteande namme, der sil nei alle gedachten in Rozenberg oan dizze wyk wenne hawwe.
- Skoatterlânskewei- wei fan de "Marktweg" op It Hearrenfean (earder Aldskoat) yn eastlike rjochting nei Donkerbroek oan de grins fan Eaststellingwerf ta. De wei rint no fan It Hearrenfean- mei in fytstunnel ûnder de A 32 troch– oer Aldskoat, Mildaam, Ketlik, Nijhoarne, Aldhoarne Jobbegea en Hoarnstersweach.
- Sevenaerpaad – fan de Skoatterlânskewei by de grifformearde tsjerke nei de earste slûs yn de Tsjonger. It kastieltsje 'Sevenaer-State' oan de Bûtewei (no de pleats Swanenburch) waard oant sawat 1722 bewenne troch it geslacht Sevenaer – in ôfbyld fan it kastieltsje is noch yn it museum. De Fan Sevenaers wienen mei-oprjochters fan de Kompenije en kamen hjir troch houliken mei Fryske froulju as dielhawwer yn. Ien fan de earsten, sa net de earste, wie Jhr. Berent fan Sevenaer fan Wolferen, in edelman út Gelderlân, dy’t yn de tiid fan syn houlik (± 1580) mei Margaretha Thibault, yn Aldskoat wenne. De lêste fan it geslacht wie Jhr. Janno Baron fan Sevenaer Hear fan Wolferen (1640 - 24 febrewaris 1725), dy’t troud wie mei Helena Lucia fan Burmania en yn 1709 oansteld waard as majoar fan in rezjimint te hynders ûnder de brigadegeneraal Grovestins. Hy is sûnder bern ferstoarn. De pleats 'Sevenaer' stiet yn it Floreenkohier foar it lêst yn 1718 op namme fan Janno fan Sevenaer. Yn 1884 waard de Sate Zevenaer, grut 118 ha, publyk ferkocht – wie doe eigendom fan de famylje Fan Sminia. Op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718 komt foar de 'Seveners Wijk', mei in twatal 'verlaten' de Tsjonger ferbinende mei Skoatterlânske Kompanjonsfeart. It paad sil doe lâns dizze wyk run ha.
- Siebe Anneswei – wei lâns de 'Lytse Kiekenberch' en de 'Grutte Kiekenberch', dy’t de Bûtewei mei de Tsjongerfallei ferbynt. De tige âlde wei, yn de folksmûle Twadde Bûtewei, as sydwei fan de earste Bûtewei dy’t yn 1958 Bûtewei neamd is. De wei is yn 1998 noch in reed mei in fytspaad. Op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718 is de wei oantsjutten as "Wech na Oldeberkoop" en op de kaart fan Eekhof fan 1848 as "De Nieuwe Weg naar Olderberkoop". Siebe Annes Nijenhuis hat in grutte buorkerij hân oan dizze wei by de Tsjonger. By de folkstelling fan 1830 wie Siebe Annes 33 jier âld en is dus yn 1796 of 1797 yn Langsweagen berne. Ut de milysje Opsterlân (2449, folchnûmer 43) blykt dat hy berne waard op 10 desimber 1796 as soan fan Anne Tjeerds en Sjoukjen Siebes. Anne Tjeerds naam op 22 april 1812 yn Langsweagen foar him en seis bern de namme Nijenhuis oan. Nei syn ferstjerren op 5 maaie 1877 te Nijhoarne waard in grutte ferkeaping fan syn eigendommen (104.65.70 ha) hâlden. De bosken oan dizze wei wurde no noch de Siebe Annes-bosken neamd.
- Slotleane – ferbynt de Bûtewei mei de Skoatterlânskewei. De wei stie foarhinne bekend as de 'reed by Wedzinga' en ek as "Slotleane". De famylje Slot hat lange tiid oan dizze leane wenne, dêr wêr’t yn 1958 de hear Wedzinga wenne.
- Suster De Jongwei – wyksuster Wytske de Jong, berne yn Lúkswâld op 18 july 1888, ferstoarn op It Hearrenfean op 21 july 1954 hat har yn dizze omkriten tige fertsjinstlik makke.
- Tsjongerfallei – wei yn it ruilferkavelingsgebiet, begjinnende by de Skoatterlânskewei yn Ketlik en útkommend yn Hoarnstersweach op de "Prikkedaam". Foar it grutste part oanlein yn 1969/1970. De wei leit yn Ketlik, Nijhoarne, Aldhoarne, Jobbegea en Hoarnstersweach en krige yn 1970 de namme trochdat er troch de Tsjingerfallei rint.
- Twadde Kompanjonswei – wei oan beide siden fan en lâns de Skoatterlânske Kompanjonsfeart fan de "Sing-Sang-brêge"/"Achtste Wyk" (yn Bontebok) oant de "Rozenbergswyk" (doarpsgrins Aldhoarne-Jobbegea).De wei leit yn Bontebok en Aldhoarne en waard oanlein yn 1953 as ferfanging fan de earder besteande paden mei in soad barten. De namme ferwiist nei de Kompanjons Van Dekema, Cuyck en Foeyts, dy’t yn de 16e iuw yn de eardere gritenij Skoatterlân it gebiet ferfeante hawwe.
- Twadde Slûswei – it noardwestlik diel fan de earder ûnoffisjeel as Twadde Slûsreed bekend steande wei fanôf de knik yn dy reed oant de Twadde Kompanjonswei by de twadde slûs. It gedeelte fan de eartiidske reed fan de "Skoatterlânskewei oant de neamde knik wurdt "Suster de Jong-wei" neamd.
- Twadde Stiftingspaad – krige namme troch de P.W. Janssens Fryske Stifting dy’t troch ûntginning en mear in soad betsjutten hat foar de foarútgong fan de doarpen yn de easthoeke fan de eardere gritenij Skoatterlân. East hjirfan leit it "Earste Stiftingspaad".
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |