Strykmûne B (De Zes Wielen)
Strykmûne B yn Alkmaar is ien fan 'e 14 strykmûnen, dy't eartiids boud waarden om it wetter fan ferskate polders ôf te meallen nei de Skermerboezem. In strykmûne is in wettermûne mei in tige lytse opfierhichte, dy't it wetter fan 'e iene nei de oare boezem meallet. De mûnen wurde ek wol de 'Zes Wielen' neamd, nei de seis grutte tsjillen wêrmei't de oerhalen betsjinne waarden.
Strykmûne B | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
plak | Alkmar | |
adres | Molenkade 6 | |
koördinaten | 52° 38'N 4° 45'E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | strykmûne | |
flecht | 24,30 m | |
boujier | 1630 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Mûnestifting Alkmar | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 7468 | |
Webside | ||
molenstichtingalkmaar.nl | ||
Kaart | ||
By it drûchlizzen fan 'e Heerhugowaard koene de bedikers net foldwaande wetter útmealle op 'e Raaksmaatsboezem. Dêrom moasten de strykmûnen boud wurde op 'e skieding fan 'e Raaksmaats- en Skermerboezem om it oerstallige wetter fan 'e Raakmaatsboezem yn 'e 40 sm heger steande Skermer te meallen.
Seis strykmûnen stiene oan 'e Molenkade yn Oudorp (hjoed-de-dei in wyk fan Alkmar), fjouwer efter Oudorp en fjouwer by Rustenburg. Fan dy fjirtjin strykmûnen binne der acht oerbleaun.
Strykmûne B is ien fan 'e fjouwer noch besteande mûnen oan 'e Molenkade en mealle it wetter út ferskate polders nei de Skermerboezem. Yn 1941 ferlearen de strykmûnen harren funksje mei't de Raaksmaatsboezem mei de Skermerboezem ferbûn waard. Strykmûne A waard demontearre om de mûne yn it Nederlânsk Iepenloftmuseum by Arnhim wer op te bouwen. By oarlochsomstannichheden gyng de demontearre mûne dêr lykwols ferlern.
De strykmûnen fan 'e Raaksmaatboezem waarden tusken 1627 en 1630 boud en Strykmûne B stamt fan 1630. Eigner fan 'e mûne is de Mûnestifting Alkmar e.o..
Beskriuwing
bewurkje seksjeStrykmûne B is in muonts mei in flecht fan 24,30 m. De mûne krige yn 1884 in skroef. Om 't der nei de Twadde Wrâldkriich in grut tekoart oan hûzen bestie, waard de mûne doe foar bewenning geskikt makke. De mûne wurdt ek hjoed-de-dei noch bewenne.
Om 1975 hinne wie Strykmûne B de earste fan 'e acht strykmûnen dy't restaurearre waard en draaid sûnt wer regelmjittich.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|