SuChin Pak (Koreaansk: 박수진, Pak Su-chin; Seoel, 15 augustus 1976) is in Súdkoreaansk-Amerikaansk ferslachjouster en presintatrise. Hja is benammen bekend wurden troch har wurk foar it tillefyzjenetwurk MTV, dêr't se tusken 2001 en 2012 yn 'e tsjinst wie, en ûnder mear nijsreportaazjes makke foar MTV Daily News.

SuChin Pak
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
SuChin Pak yn 2010.
SuChin Pak yn 2010.
persoanlike bysûnderheden
echte namme 박수진, Pak Su Chin
nasjonaliteit Súdkoreaansk
Amerikaansk
berne 15 augustus 1976
berteplak Seoel (Súd-Koreä)
etnisiteit Koreaansk
wurkpaad
wurksum as ferslachjouster, presintatrise
medium tillefyzje
wurksum by MTV, Planet Green, Daily Candy
bekend fan MTV News
jierren aktyf 1992, ±1996 – no
offisjele webside
SuChin Pak op Facebook

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Pak is fan Koreaansk etnysk komôf. Se waard yn 1976 berne yn Seoel, de haadstêd fan Súd-Koreä, mar emigrearre yn 1981, doe't se fiif jier wie, mei har âlden nei de Feriene Steaten. Hja groeide op yn it Kalifornyske Union City, in foarstêd fan San Francisco. Har âldelju hiene in lyts restaurant yn 'e binnenstêd fan Oakland.

It wie nea Pak har bedoeling om in karriêre op 'e tillefyzje nei te stribjen. Doe't se fuortset ûnderwiis folge oan 'e James Logan High School yn Union City, joech se har op as frijwillichster foar it YMCA-programma Youth and Government, dat derop rjochte wie om jongerein foar te ljochtsjen oer en te belûken by de polityk. Se wie ek lid fan in skoalklub wêrfoar't se taspraken hold.

Yn 1992 waard se foar it tillefyzjeprogramma Straight Talk 'n Teens ynterviewd op 'e lokale omrop KGO-TV út San Francisco, dy't liëarre is oan it lanlike tillefyzjenetwurk ABC. In programmamakker foar in oar tillefyzjestasjon seach dat stik en frege Pak om it tinerprogramma First Cut te presintearjen op KRON, dat doedestiden de pleatslike omrop yn San Francisco wie dy't bannen hie mei it lanlike netwurk NBC. Pak gie dêr op yn en dit 'bybaantsje' waard har yntroduksje yn 'e tillefyzjeyndustry. Foar har earste grutte fraachpetear hie se rapper Ice-T te gast.

Nei de middelbere skoalle studearre Pak politikology oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Berkeley. Dêr waard se op 'e nij 'ûntdutsen', doe't in filmprodusint fan it wittenskipsprogramma Newton's Apple, op 'e Amerikaanske steatsstjoerder PBS, in fideobân fan har eardere wurk ûnder eagen kaam.

Karriêre bewurkje seksje

Nei't se ôtstudearre wie, waard Pak troch ZDTV (letter TechTV en no G4), in tillefyzjekanaal wijd oan technology en it ynternet, frege om by harren te wurkjen. Se wie in jier lang presintatrise fan it tillefyzjeprogramma Internet Tonight, mei deistige ôfleverings fan in healoere, foar't se troch KRON frege waard om wer by harren te wurkjen, diskear as ferslachjouster. Om't se lanlik karriêre meitsje woe, stjoerde Pak in tape yn by it nije keabelnetwurk Oxygen. Nei in audysjeproses dat in jier duorre, waard se oannommen as presintatrise fan it programma Trackers, wêrfoar't se ferhúzje moast nei New York.

Yn 2001 stapte Pak oer nei de muzykstjoerder MTV, dêr't har in baan oanbean wie nei't de liedingjaanden dêre har wurk by Oxygen sjoen hiene. Pak wie it earste Aziatyske 'gesicht' by MTV, dêr't se as ferslachjouster fan MTV Daily News oan it wurk gie. Yn dy hoedanichheid fersloech se ferskate kearen de útrikking fan 'e MTV Movie Awards en de MTV Video Music Awards, en die se ek nijsreportaazjes oer bygelyks it Sundance Filmfestival. Fierders presintearre se, mei Kurt Loder, de MTV-show foarôfgeande oan 'e útrikking fan 'e Grammy Awards, en fersoarge se de voice-over by programma's as MTV Cribs en True Life. Pak ynterviewde foar MTV artysten as Mariah Carey, *NSYNC, P. Diddy, Jane's Addiction, Mary J. Blige en Billy Idol, en ek regisseur en filmprodusint George Lucas.

Yn 2008 stapte Pak oer fan MTV nei it tillefyzjekanaal Planet Green, dêr't se mei Daniel Sieberg de presintaasje fersoarge fan it programma G Word. Yn 2010 kearde se werom as ferslachjouster fan MTV Daily News, en presintearre se ek de foarbeskôging fan 'e MTV Video Music Awards. Yn 2012 waard Pak oannommen as live-ferslachjouster fan Daily Candy, in e-mailnijsbrief fêstige yn New York. Yn 2016 wie se ien fan 'e presintators fan People's List, in infotainmentsearje fan it tydskrift People op 'e Amerikaanske nasjonale tillefyzjestjoerder ABC.

Priveelibben bewurkje seksje

Op 24 maart 2012 troude Pak mei Mike Bender, de mei-oprjocher fan 'e webside AwkwardFamilyPhotos. Hja hawwe in soan, dy't berne waard yn juny 2012.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.