Sudertsjerke (Rotterdam)
De Sudertsjerke wie in herfoarme tsjerke oan de Gedempte Glashaven yn Rotterdam. It yn 1849 boude tsjerkegebou waard by it bombardemint op Rotterdam yn 1940 ferneatige.
Sudertsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Súd-Hollân | |
plak | Rotterdam | |
adres | Gedempte Glashaven | |
koördinaten | 51° 54' N 4° 29' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Nederlânsk Herfoarme tsjerke | |
status | yn 1940 ferneatige | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | A.W. van Dam | |
boujier | 1845-1848 | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeTusken de Gedempte Glashaven en de doetiidske Jufferstraat, dêr't hjoed-de-dei de Rederijhaven is, stie in tsjerke mei dyselde namme. Dat tsjerkegebou, yn 1630 as in teäter boud, wie brekfallich woarn en waard yn 1844 foar de bou fan in nije tsjerke ôfbrutsen.
Nei in priisfraach waard foar it ûntwerp fan de doe 29 jier âlde arsjitekt A.W. van Dam keazen. Timmerman J. van Limburgh fierde de bou foar 312.416 gûne út. Op 25 july 1845 waard nei de foltôging fan it fûnemint de earste stien foar de tsjerke lein. Op 11 oktober 1848 waard it lêste wurk oan de boppebou dien. Dûmny H. Oort naam it gebou op 22 april 1849 plechtich yn gebrûk. Meiïnoar hiene de kosten fan de nije tsjerke goed 500.000 gûne koste.
It bombardemint op Rotterdam yn 1940 ferneatige de Sudertsjerke. In werbou fûn neitiid net mear plak en yn 1960 waard as ferfanging foar de herfoarme gemeente de Paulustsjerke oan de Mauritsweg yn gebrûk nommen. Ek de gemeente fan de yn de oarloch ferneatige Westertsjerke hearde tenei by dy tsjerke.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe Sudertsjerke hie in achthoekich grûnplan mei oan fjouwer kanten kapellen. It tek wie in achtsidige piramide, dy't fan 'e fjouwer topgevels fan de kapellen trochsnien waard. In achthoekige spits foarme de kroan. Ramen en doarren wiene spitsbôgich.
De tsjerke hie noch flak foar de ferneatiging yn 1940 nije brânskildere ramen fan Marius Richters krige.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel waard boud troch de Utertske oargelboufirma J. Bätz & Co. en yn 1850 troch dûmny Blaauw ynwijd en yn gebrûk nommen troch J.B. Spoelder, de organist fan de tsjerke, en Bartholomeus Tours, de organist fan de Grutte Tsjerke.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Zuiderkerk (Rotterdam)
|