Summer Night City

Summer Night City is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch ABBA. It nûmer is ien fan de gruttere hits fan ABBA, mar hat nea op in studio-album fan de popgroep stien. Wol is it nûmer opnommen op it kompilaasje-album Greatest Hits Vol. 2 út 1979. Summer Night City waard op 6 septimber 1978 útbrocht as single.

Summer Night City
algemiene ynformaasje
B-kant Medley
artyst ABBA
album Greatest Hits Vol. 2
taal Ingelsk
sjenre Pop
útbrocht 6 septimber 1978
opnommen Metronome Studio,
maitiid 1978
doer 3:34
label Polar Music
skriuwer Benny Andersson,
Björn Ulvaeus
produsint Benny Andersson,
Björn Ulvaeus
fideoclip
ABBA - Summer Night City
resultaten
hitlisten flagge fan Austraalje Kent Music Report - 13,
flagge fan Eastenryk Ö3 Austria Top 40) - 18,
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 3,
flagge fan Kanada RPM Top Singles - 34,
flagge fan Finlân Suomen virallinen lista - 1,
flagge fan Frankryk SNEP - 15,
flagge fan Ierlân IRMA - 1,
flagge fan Japan Oricon - 24,
flagge fan Meksiko Mexican Singles Chart - 10,
flagge fan Nederlân Top 40 - 5,
flagge fan Nederlân Single Top 100 - 10,
flagge fan Nij-Seelân Recorded Music NZ - 37,
flagge fan Noarwegen VG-lista - 3
- Rhodesian Singles Chart - 4,
Flagge fan Sweden Sverigetopplistan - 1,
flagge fan Switserlân   Schweizer Hitparade - 5,
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân UK Singles - 5,
flagge fan Dútslân Official German Charts - 6
sertifisearre Grut-Brittanje Sulver

Oer it nûmer bewurkje seksje

Summer Night City waard skreaun troch Benny Andersson en Björn Ulvaeus. De opnamesesjes foar Summer Night City begûnen yn it begjin fan 1978. ABBA's nije opnamestudio, Polar Music Studio, waard iepene yn maaie mar wie doe noch net klear foar gebrûk. Dêrom waarden earst opnamen makke yn de Metronome Studio. De 43 sekonden duorjende intro waard skrast om de kwaliteit te ferbetterjen, mar it woe net slagje. It miksen duorre sels in wike, folle langer as it miksen fan oare ABBA nûmers. ABBA besleat, nettsjinsteande it, yn harren eagen, net al te bêste einresultaat, it nûmer yn septimber út te bringen op single. Nettsjinsteande dat de groep sels it nûmer net al te bêst fûn, waard Summer Night City in hit foar ABBA. It nûmer kaam op nûmer 1 yn Ierlân, Finlân en Sweden, it wie sels harren lêste nûmer 1-hit yn Sweden.

Muzikanten bewurkje seksje