Susterfeart
De Susterfeart is in feart op de grins de gemeente Smellingerlân en Tytsjerksteradiel. De feart rint fan de Koaidyk yn polder Westersanning nei it noarden. West fan it buorskip Utein bûcht de feart ôf nei it noardeasten en besuden Iniaheide giet it wetter ûnder N31 en N356 troch en rint de Susterfeart benoarden De Tike út yn De Leien.
De namme Susterfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Zustervaart.