Suzanna Jansen (Amsterdam, 1964) is in Nederlânsk skriuwster.

Suzanna Jansen, 2012

Jansen groeide op yn Amsterdam. Fan 1983 - 1985 folge hja in balletoplieding oan de Rotterdamse Dûnsakademy. Dêrnei makke se in oerstap nei de stúdzje Kommunikaasje oan de HEAO yn Utert. As projektlieder by in marketing- en mediabedriuw yn Amsterdam wie se yn de jierren njoggentich belutsen by de oprjochting fan Independent Media, it útjouwerskonsern fan Derk Sauer en Annemarie van Gaal yn Moskou.

Fan 1995 - 1997 wurke Suzanna Jansen by Independent Media yn Ruslân, ûnder mear by in útjouwerij fan ferskate blêden. In jier letter stapte se yn Moskou oer nei de sjoernalistyk en wurke foar dokumintêres fan de VPRO en VRT. Letter die se dat as korrespondint foar it Belgyske deiblêd De Morgen en as freelancer foar ûnder oare NRC Handelsblad, HP/deTijd en Opzij. Suzanna Jansen is troud mei non-fiksje skriuwer Frank Westerman.

In grutter artikel fan har gie oer in amtlike reorganisaasje yn Hilfertsom. Yn Ruslân skreau se oer de balletskoalle yn Sint Petersburch, de wolfsbern yn Kaliningrad en oer masterspion Kim Philby en Russyske flechtlingen.

Pauperparadys

bewurkje seksje
 
It Pauperparadys

Werom yn Nederlân skreaun se yn 2002 reportaazjes foar ûnder mear Trouw en Intermediair. Al gau stjitte se op de romrofte bidlerskoloanje fan Feanhuzen, en har famyljeskiednis dêre. In beëage artikel oer dat lange en unike opfiedingseksperimint yn it Drintsje fean rûn út op in boek, dat yn jannewaris 2008 ferskynde ûnder de titel Het pauperparadijs, een familiegeschiedenis. Hjiryn wurdt oardel iuw Nederlânske earmoede beskreaun, beskreaun fanút har syktocht nei har eigen famylje. Se komt út by in heropfiedingseksperimint yn Feanhuzen dêr't har oerbeppe ek tahâlden hat. Johannes van den Bosch, in maatskiplik belutsen generaal, boude yn 1823 dêr trije grutte gestichten. Mei syn Maatskippij fan Woldiedichheid woe hy de paupers út de stêden en de wezen út hiel Nederlân troch hurd wurkjen yn it fean 'opfiede ta selsstannichheid'. Se soenen middels hurd wurkjen, tucht, oarder en dissipline omfoarme wurde moatte ta nuttige boargers. Neffens it CBS hat hast 1 op de 16 Nederlanners famylje dy't bining hat mei dit stikje sosjale skiednis.

 
It twadde gesticht, Feanhuzen
  • De hemel is goud, biografie van een race, 1e printinge 28 febrewaris 2011, útjouwerij Balans ISBN 9789460032936
  • De Pronkspiegel, Bruna, 3 ferhalen (2010)
  • Mijn geheim, 2009, útjouwerij Drintsk Argyf, Assen
  • Het pauperparadijs: een familiegeschiedenis, 1e printinge 2008, útjouwerij Balans, Amsterdam, ISBN 978-94-6003205-9
  • Wael, het verhaal van een jongen uit Syrië, 1e printinge 2019

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: