Swakke kearnkrêft

(Trochferwiisd fan Swakke krêft)

De swakke kearnkrêft (ek swakke krêft of swakke wikselwurking neamd) is ien fan de fjouwer fûnemintele natuerkrêften. Yn it standertmodel fan de dieltsjesfysika wurdt de swakke kearnkrêft taskreaun oan de útwikseling fan de swiere W- en Z-bosoanen. It bekendste effekt fan de swakke kearnkrêft is bètaferfal (de emisje fan elektronen of positroanen troch neutroanen, dy't yn de atoomkearnen sitte en de dêrmei assosearre radioaktiviteit. It wurd swak slaat hjir op it feit dat de fjildsterkte fan de swakke kearnkrêft ûngefear 10-11 fan de sterkte fan de elektromagnetyske krêft en ûngefear 10-13 fan de sterkte fan de sterke kearnkrêft bedraacht.

It Feynman-diagram foar bèta-minus ferfal fan in neutron yn in proton, elektron, en elektron-antyneutrino middels in yntermediêre swiere W- boson

De swakke kearnkrêft wurdt oerbrocht troch W-bosoanen (W+ en W-) en Z-bosoanen (Z0) en beynfloedet

De swakke kearnkrêft stelt leptoanen en kwarks (en harren antymatearje-tsjinhingers) by steat enerzjy, massa en lading mei elkoar út te wikseljen. Mei in fjildsterkte, dy't in faktor 109 lytser is as de sterke kearnkrêft bliuwt de ynfloed fan de swakke kearnkrêft beperkt ta yn de atoomkearn. Dizze lytse aksjeradius wurdt ferklearre troch de relatyf grutte massa/enerzjy fan de swakke dieltsjes (80 GeV). De swakke wikselwurking skeint de CP-symmetry.

Keppeling om utens

bewurkje seksje