't Swart Slot wie in stins yn Pitersbierrum, gemeente Barradiel.

It boujier is ûnbekend. De namme 't Swart slot stiet yn 2010 noch op de homeiepeallen fan in pleats. It kastiel wie fan oarsprong grif in stins. Op de kaart fan Schotanus fan Barradiel stiet besuden de pleats, yn de rjochting fan Rie, in lytse hichte tekene. Oan de hân fan de ferklearring fan tekens dy' der by steane, soe dizze hichte in wier fan in sljochte stins west hawwe.

Yn 1693 wurdt yn de argiven neamd, dat Gerryt Ypes Hollander de sate (mei wier) keapet. Fan in stins is dan al gjin sprake mear.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: