Swarte earrebarre
De swarte earrebarre (Ciconia nigra) is ien fan de twa soarten út de famylje fan de earrebarren of eibertfûgels dy't yn Europa foarkomme.
swarte earrebarre | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Ciconia nigra | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Uterlik
bewurkje seksjeDe swarte earrebarre is mei sa'n 100 sm hast like grut as de earrebarre. Lykas de namme al seit is de swarte earrebarre te underskieden om't der foar it grutste part swart yn de fearren sit. Syn búk is wol wyt en syn poaten en snaffel binne read. De bleate hûd om de eagen is yn de briedtiid ek opfallend read fan kleur.
Fersprieding
bewurkje seksjeOars as de earrebarre is de swarte earrebarre meast net sa maklik te sjen. De fûgel libbet yn âlde bosken. Leafbosken mei markes en fivers binne harren ideale libbenromte. Ek meit de swarte earrebarre de minsken, hoewol yn de Kaukasus wol kloften fûgels binne dy op âlde gebouwen yn de buert fan de minsken briede. De swarte earrebarre komt foar yn Sintraal- en East-Europa mar ek yn Spanje en Portugal komme se wol foar. Fierder komt de fûgel foar yn hiel Aazje dêr't der geskikte bosken fine kin. Yn Súd-Afrika is ek in populaasje swarte earrebarren. Utsein de fûgels yn Spanje, Portugal en Súd-Afrika binne it echte trekfûgels dy't grutte ôfstannen fleane om winterdeis yn waarmer gebieten te libjen.
Iten
bewurkje seksjeYn iten is de Swarte Earrebarre it meast kikkerts en fisken, mear noch as de earrebarre. Faak polsket der troch in undjippe beek dêr't der kikkerts, fisken en salamanders fangt. Mar út en troch mei der ek wol eins ynsekten, mûzen oft fûgels pakke.
Fuortplanting
bewurkje seksjeDe swarte earrebarre makket syn nêst meast yn in âlde beam. Lykas de earrebarre brûkt der syn nêst meardere jierren en it wurdt dêrtroch ek hieltiid grutter. De 2-5 aaien wurde troch beide âlden yn 30-35 dagen útbret. De jongen bliuwe noch sa'n 2 moannen by harren âlde foar't se harren sels rêde kinne.