De Swarte Prins, ek wol De Lytse Geast of Alddielsmûne neamd, is in poldermole bewesten de buorskip Lytse Geast by Tytsjerk yn de gemeente Tytsjerksteradiel.

Swarte Prins
mûne / mole
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Tytsjerksteradiel
plak Tytsjerk
adres Alddiel 4-a
koördinaten 53° 11' N 5° 52' E
bysûnderheden
type mûne Muonts
funksje Rekreaasjewente
oarspr. gebrûk Bemealling polder Alddiel
flecht 16,42 meter
boujier 1900
oare ynformaasje
eigner Partikulier eigendom
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 35688 [1]
Kaart
Swarte Prins (Fryslân)
Swarte Prins

It is in houten muonts mei stiennen fjildmuorren en dekt mei reid. De wjukken fan de mûne hawwe âldhollânsk hekwurk; de flecht is hast 16,50 meter.[2]

De Swarte Prins waard yn 1900 boud foar it bemeallen fan de polder 'Alddeel'. Hy hat wurke oant 1959. Yn 1967 ferlear de mûne it geande wurk, sadat der yn de mûne romte ûntstie om it as fekânsjehûs yn te rjochtsjen. Ek waard de selsswichting doe ferfongen troch âldhollânsk hekwurk.

De mûne is partikulier eigendom, ferboud ta wente en net mear mealree, al kin er noch wol draaie. Yn 2019 hat der in renovaasje plakfûn. It mûndershûs is net mear oanwêzich.

Keppeling om utens

bewurkje seksje


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: