De swartmaskeribis (Theristicus melanopis) is in fûgelsoarte út it skaai Súdamerikaanske ibissen (Theristicus) fan 'e famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae).

swartmaskeribis
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae)
skaai Súdamerikaanske ibissen (Theristicus)
soarte
Theristicus melanopis
Gmelin, 1783
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     briedfûgel

     wintergast


 
Swartmaskeribis yn Patagoanje.

De swartmaskeribis hat in donkergrize, kromme snaffel. De kop is giel oant ljochtbrún en de iris is read. Fierder binne de wjukken griis en it boarst wyt, wylst de búk en de sturt swart binne. De poaten binne rôze. De fûgel wurdt 75 sm lang.

De gielhalsibis liket in soad op de swartmaskeribis. It ferskil is lykwols dat dy grutte wite wjukflekken hat, in donkergriis en net bleekgiel boarst en in lytsters swarte kiellel hat as de swartmaskeribis. Ek is fersprieding fan 'e gielhalsibis begrinzge ta de waarmere streken.

Fersprieding

bewurkje seksje

De swartmaskeribis wurdt benammen oantroffen yn it suden fan Súd-Amearika. De fûgel komt yn it grutste part fan súd en sintraal Argentynje en Sily foar oant in hichte fan likernôch 2.500 m. Ek komt de fûgel lokaal yn 'e kustgebieten fan Perû foar. Alhoewol't de fûgel yn Argentynje en Sily noch frij algemien foarkomt, is de swartmaskeribis yn it Perûaanske diel fan syn ferspriedingsgebiet foar in grut part útstoarn.

Swartmaskeribissen ite ynsekten, spinnen, kikkerts en lytse sûchdierkes. Ek snaait de fûgel wolris in lytse slang of podden, dy't giftich binne.

Se libje yn lytse groepkes of yn in pearke.

De swartmaskeribis briedt ornaris yn koloanjes fan maksimaal 50 pearkes. De nêsten wurdt fakentiden op rotsen en kliffen boud, mar bytiden ek yn reidfjilden. It lechsel bestiet út ien oant fjouwer aaien.

It is net bekend hoe grut de populaasje is, mar der wurdt oannommen dat dy stabyl is. De IUCN klassifisearret de fûgel op de Reade list as net bedrige.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Schwarzzügelibis (ferzje 12 juny 2024)