Swarthalsswan

(Trochferwiisd fan Swartnekke swan)

De swarthalsswan of swartnekswan (Cygnus melancoryphus) is in fûgel út it skaai fan de swannen dy't foarkomt yn Súd-Amearika.

swarthalsswan
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai swannen (Cygnus)
soarte
Cygnus melancoryphus
Molina, 1782
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

Foarkommen bewurkje seksje

De swarthalsswan is in 110-140 sm grutte fûgel dy't in gewicht hat tusken de 3,5 en 6,5 kilogram. It mantsje is in stik grutter as it wyfke. De fûgel sit hielendal wyt yn de fearren útsein de hals en de kop dy't swart binne. Fierder hat der by de eagen noch in wite streek sitten. De snaffel is griis mei in reade knobbel.

Fersprieding bewurkje seksje

It briedgebiet fan de swarthalsswan leit yn it suden fan Súd-Amearika, fan it midden fan Sily oant yn Fjoerlân en ek op de Falklâneilannen. Yn de winter lûke de fûgels út de súdlikste briedgebieten rjochting it noarden nei Paraguay en it súdeasten fan Brazylje. De swannen libje by't it wetter, by marren en yn sompen. Yn de winter hâlde se harren ek wol op oan de seekust yn beskutte seebochten.

 
Aai fan 'e swarthalsswan.

Iten bewurkje seksje

De swarthalsswan yt foaral wetterplanten en algen dy't der yn it ûndjippe wetter omheech hellet.

Fuortplanting bewurkje seksje

It brieden begjint al yn July dat it betide foarjier is op it súdlik healrûn en dourret oant novimber. It nêst wurd meast op in lyts eilântsje oan de wâlkant boud. It wyfke leit 3-8 aaien en briedt dy allinich yn sa'n 5 wike út. Underwilens beskermet it mantsje it nêst tsjin ynkringers. De grize jongen ferlitte nei it útkommen fuort it nêst en wurde faak troch de âlden op de rêch droegen. Nei likernôch 3 moanne kinne de jongen fleane.