Balstien
In balstien (ek swerfstien of erratysk blok neamd) is in stien dy't troch in gletsjer of iiskape meifierd is. Lytse eksimplaren wurde yn it Nederlânsk kinderkopjes en yn Grinslân en Drinte flint (of vlint) neamd. Sy komme oeral yn de wrâld foar op plakken dy't mei lâniis oerdutsen west hawwe.
Oarsprong en fersprieding yn Nederlân
bewurkje seksjeNederlân wurde balstiennen fûn dy't troch it lâniis efterlitten binne yn it op ien nei lêste glasiaal, it Saalien. Balstiennen komme yn Noard-Nederlân, dat eartiids mei lâniis bedutsen wie, in protte foar. De meast súdlike grins fan it lâniis wie oan de line Haarlim, Utert, Nymwegen ta. Besuden dy line komme gjin balstiennen yn de natuer mear foar. De grutste balstien dy't ea yn Nederlân fûn waard is op it stuit de Swerfstien fan Rottum.
De Nederlânske balstiennen komme oarpronklik út Skandinaavje en it Eastseegebiet. Dat kin neigien wurde troch de petrologyske skaaimerken te fergelykjen mei dy fan it stientme yn dy kontreien. Sa is yn prinsipe frijwat sekuer te sizzen hokker stien wêr wei komt.
Swerfstiennen wurde faak fûn yn balstienliem, in tige tichte liemige grûnsoarte dy't foarme waard ûnder it gewicht fan de iiskappen yn Noard-Nederlân. Balstienliem komt foar yn de ûndergrûn fan Gaasterlân, de Havelterberch, Skoklân en Urk yn de Noardeastpolder en op Wieringen en Teksel.
Tapassingen
bewurkje seksjeSwerfstiennen binne de iuwen troch brûkt yn konstruksjes sa as hunebêden, megaliten, wegen en dykbeklaaiïng. By de bou fan pleatsen waarden grutte stiennen wol brûkt as fûnemint foar it bynt. By poarten en gebouwen op strjithoeken waarden se wol brûkt as skampstien om foar te kommen dat koetsen en weinen tsjin de muorre ride soenen. Fierders waarden sy tapast as grinsmarkearring dy net maklik fan it plak te krijen wie (troch kweawilligen).
Folksleauwe en -ferhalen
bewurkje seksjeYn folksleauwe en folksferhalen spylje swerfkeien soms in rol. It wie de hjitting dat sy goed wiene foar fruchtberens en dat it in plak wie dêr't de bern weikamen.[1] Yn Skandinaavje waarden opfallende punten yn it lânskip, sa as rotsen en swerfstiennen, wol taskreaun oan trollen. [2]
Ferneamde balstiennen
bewurkje seksjeSjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Glacial erratics fan Wikimedia Commons. |