Swettetsjerke (Feanwâlden)
De Swettetsjerke is ien fan de twa tsjerken fan de Protestanske gemeente yn Feanwâlden en Feanwâldsterwâl. It is de eardere grifformearde tsjerke fan Feanwâlden, dy't sûnt de oansluting by de PKN de namme Swettetsjerke draacht. De tsjerke stiet krekt noch yn it doarpsgebiet fan Noardburgum.
Swettetsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Dantumadiel | |
plak | Feanwâlden | |
adres | De Swette 22 | |
koördinaten | 53° 13' N 5° 59' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1872 | |
Webside | ||
Side fan de gemeente | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeOm't it foar de ôfskieden bewenners fan Feanwâlden, Feanwâldsterwâl en Kûkherne in hiel ein rinnen wie nei de grifformearde tsjerke oan Tuskendiken by Burgum en dêr yn de jierren 1870 it plan wie om in nije tsjerke te bouwen, krigen hja tastimming om nei de foltôging fan de nijbou de âlde tsjerke oan Tuskendiken stien foar stien ôf te brekken en dy oan de Heidstreek yn Feanwâldsterwâl wer op te bouwen. Op augustus 1871 wie der al in Kristlik Grifformearde Tsjerke yn Feanwâldsterwâl ynstituearre[1][2]
It tal leden fan de grifformearde tsjerke woeks hurd oan en de tsjerke moast meardere kearen fergrutte en ferboud wurde. Yn de jierren 1920 krige de tsjerke in tuorke op de gevel mei in klok.[3] Yn de rin fan de tiid gyng it oansjen fan de neogotyske gevel fan de tsjerke ferlern en waard it tuorke ferfongen troch in modernere fariant.
Healwei de jierren 1990 binne efter de tsjerke in nije konsistoarje en romten foar de bernetsjinst byboud. Ek waard de hal fergrutte.[4]
Yn 2018 wiene der plannen fan de PKN om by de bou fan in nij doarpshûs yn it doarp Feanwâlden te partisipearjen.[5] Yn dat gefal soe de Swettetsjerke ferkocht wurde moatte. Yn 2022 like de bou fan in nij doarpshûs lykwols fierder dan ea en de Swettetsjerke wurdt noch jimmeroan brûkt.[6]
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel yn de tsjerke waard yn 1970 boud troch Will Boegem út Amstelveen. Dêrby makke de oargelbouwer gebrûk fan de pipen fan de foargonger. [7]
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|