Sybemastate stie by Kollumerterp benoarden Kollum, gemeente Kollumerlân. Fan de stins is neat werom te finen.

By Kollumerterp, âldtiids grif Annynghedorpe, leinen yn de 15e en 16e iuw yn de Torpmakluft twa stinzen: Sybema en Bama. Nei alle gedachten waard de stins al yn 1458 bewenne troch Taetke Sybema. Yn 1476 ruile Harke Sybama, wenjend yn Annynghedorpe, lân mei it kleaster Gerkeskleaster. Harke krige 20 pûnsmiet yn syn wenplak, it kleaster yn ruil dêrfoar Pauesmagoed ten easten fan de Gruits. In fergelykbere skikking dus as it kleaster yn 1441 mei Broer Meckema trof. Yn 1529 wie Aebo Sybema belanghawwende by de bediking fan it Nij Krúslân. Syn erfgenamten waarden yn 1555 neamd mei besit op Kollumerterp.

Yn 1571, 1573 en 1578 waarden dielen fan Sybema ferkocht. Yn dat lêste jier ferkocht Buwe Sybema oan Lieuwe Sybema en syn frou Theets Eysma in tredde gedielte fan de huzinge ”staande op Sybemaheert op het Torp”, útsûndere “het stins”. In oare kear is der sprake fan “het stenhuys”. Yn 1601 ferkocht Saecke Sybema lân “op het Torp” oan de bruorren Jeldert Rompts ( sjoch ek Rosemastate) en Tamme Rompts. Tamme brûkte yn 1616 “Sybema landen”; hy stoar yn 1632 en waard op it tsjerkhôf fan Kollum begroeven. Syn soan Rompt Tammes, dy't de namme naam Sybema oannom, wie yn 1640 tegearre mei nicht Rycktien Jelderts fan Rosema eigener en wenne dêr ”op het Collumertorp” yn 1633 mei syn mem. De stins sil yn de earste helte fan de 17e iuw ferkocht wêze. Jetscke Jelderts fan Rosema, suster fan Rycktien fan Rosema, wie mei-eigenaresse fan de state. Nei har ferstjerren yn 1662 waard troch har man Schelte Julius fan Aytzema, as foud oer haren bern, lân út Sybemastate ferkocht.

De familys Sybema en Rosema wienen dus patrilineêr sjoen twa stagen fan itselde laach. Soms waard de namme ek kombinearre ta Sybema fan Rosema. Dizze regintenfamily fan eigenierde komôf wie yn de 17de iuw nau besibbe mei fergelykbere Kollumerlânske skaaien dy't harren namme oan de âlde Kollumer stinzen ûntlienden, lykas Botnia fan Broersma en Tadema fan Doma.

Bewenners
  • 1458 Taetke Sybema
  • 1476 Harke Sybama
  • 1529 Aebo Sybema
  • oant 1578 Buwe Sybema
  • sûnt 1578 Lieuwe Sybema en Theets Eysma
  • oant 1601 Saecke Sybema
  • 1601 – 1632 Tamme Rompts
  • 1632 Rompt Tammes Sybema mei Rycktien en Jetscke Jelderts fan Rosema
  • 1662 Schelte Julius fan Aytzema en bern

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • States en stinzen yn Fryslân
  • mr. A.J. Andreae - Kollumerland en Nieuw Kruisland, 1883-1885
  • P.N. Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009