Sybrecht Regtdoorzee Greup-Roldanus

Dr. Sybrecht Clasina Regtdoorzee Greup-Roldanus (Amsterdam, 24 septimber 1893 - 1984) wie in Nederlânsk skriuwster en histoarika.

Regtdoorzee waard berne yn Amsterdam, mar brocht in grut part fan har jeugd troch yn Middelburch. Hja woe it leafst sjongster wurde, mar dochs begûn se in stúdzje (ûnderwiisakte) Nederlânsk MO. Al mei jonge jierren skreau hja novellen, ûnder oaren yn it populêre blêd "Eigen Haard". Sy brûkte ûnder oaren de skûlnamme Sini Greup-Roldanus.

Hja waard lykwols learares en letterkundige. Yn 1922 troud hja mei de jurist Jan Regtdoorzee Greup. Yn 1925 is se learares Nederlânsk, skiednis en steatsrjocht oan it Gemeentlik Lyseum te Amsterdam. Oer it lesjaan seit hja: "... Ik fyn it wichtich dat de dosint syn of har stof behearsket, nee der boppe stiet, sadat jo har mei koartswyl bringe kinne. ...".

Yn 1936 promovearre hja cum laude op de Geschiedenis der Haarlemmer Bleekerijen. Yn dat jier waard hja ek bestjoerslid fan It Ynternasjonaal Argyf foar de Frouljusbeweging, dat yn 1935 oprjochte wie.

Yn har boek Sandra Tjallinga in het eeuwjaar 1700 jout hja in beskriuwing fan it libben yn de Akademystêd Frjentsjer.

In kar.

  • Sandra Tjallinga in het eeuwjaar 1700, Histoaryske roman (1949)
  • Een vrouw in rook en regen. Histoaryske roman (1954).
  • De humeuren in de straat der weduwen. Histoaryske roman (1953); waard op 2 septimber 1954 bekroane mei de Literatuerpriis fan de stêd Middelburch.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Regtdoorzee Greup-Roldanus, Sybrecht Clasina.