Sylvia Wijnjeterp

Sylvia Wijnjeterp (1958) is in autodidaktyske byldzjend keunstner út Hurdegaryp. Har wurk is meast realistysk mei in ekspresjonistysk aksint. Yn 2009 is se dwaande mei in searje keunstners op it poadium. Sûnt 2007 hat se in eigen bedriuw foar webdesign en is dwaande mei DTP-foarmjouwing. Sylvia is fan doel om letter mei digitale keunst te kommen. Fierders docht se redaksjoneel wurk.

Inside de Taj Mahal

Sylvia tekenet en skilderet al fan jongs ôf oan. Yn Apeldoarn gie se nei de fotofakskoalle. Foto's binne noch altyd wichtich foar har wurk. Se folge letter skilderlessen by Henk Krist by PARNAS, sintrum foar de keunsten yn Ljouwert. Portretten en bisten binne meast ûnderwerp fan har wurk. Sylvia Wijnjeterp brûkt oaljeferve, mingde techniken (akryl/pastel/houtskoal/grafytstift), sieraden en fotografy foar har wurken.

Wurk fan har wie te sjen op keunstmerken yn Warkum en Boalsert en de keunstrûte fan Hurdegaryp. Ein 2009 is har wurk ûnder oare te sjen yn Stania State yn Oentsjerk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: