Synagoge fan Landau in der Pfalz
De synagoge fan Landau in der Pfalz, in stêd yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts, waard yn 'e jierren 1882-1884 boud en yn novimber 1938 ferwoastge. De synagoge stie foarhinne oan de Kaiserstraße 3.
Synagoge fan Landau in der Pfalz | ||
De synagoge om 1900 hinne | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
plak | Landau in der Pfalz | |
adres | Kaiserstraße 3 | |
koördinaten | 49° 11' N 8° 6' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Heinrich Staudinger | |
boujier | 1882–1884 | |
sloopjier | 1938 | |
boustyl | histoarisme | |
hichte | 16 m | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeMei wissens is fêststeld dat der yn alle gefallen al yn 1435 in synagoge yn Landau stien hat. Der wennen lykwols al langer joaden yn 'e stêd, dat nei alle gedachten hie dy synagoge al in âldere foargonger. Om't de synagoge te lyts waard, begûnen de joaden tsjin it ein fan 'e 18e iuw plannen te meitsjen foar de bou fan in nije synagoge.
Yn it ramt fan de stedsútwreiding skonk de stêd de joadske gemeente doe in 2500 m² grut stik boulân en koe der útein set wurde mei de bou. It ûntwerp foar de nije synagoge waard makke troch Heinrich Staudinger, dy't him by de tekeningen beynfloedzje liet troch de yn 1877 troch Adolf Wolff boude synagoge fan Heilbronn.
Op 5 en 6 septimber 1884 wie de plechtige wijing fan de synagoge. De kosten fan it bouwurk bedroegen likernôch 200.000 Mark.
De synagoge yn de tiid fan it nasjonaal-sosjalisme
bewurkje seksjeDe synagoge waard op 9 novimber 1938 yn brân stutsen en fan 12 oant 15 novimber 1938 opblaasd.
Arsjitektuer
bewurkje seksjeIt bouwurk hie in oerflak fan 390 m² en in hichte fan 16 meter. De styl gie werom op eleminten fan de midsiuwske tsjerken fan Itaalje. De kûpels wiene ynspirearre op de Italjaanske renêssânse.
Monumint
bewurkje seksjeIn monumint hâldt sûnt 1968 de synagoge en de eardere joadske gemeente fan Landau yn oantinken.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]
|