Synagoge fan El Tránsito
De Synagoge fan El Tránsito (Spaansk: Sinagoga del Tránsito; letterlik 'synagoge fan de oergong'), is in eardere synagoge yn de joadewyk fan de Spaanske stêd Toledo. De synagoge waard tusken 1355 en 1357 boud as bygebou fan Samuel Halevi en wurdt ek wol Synagoge fan Samuel Halevi neamd. Samuel Halevi wie de ponghâlder fan kening Peter I fan Kastylje. Sûnt 1964 wurdt de synagoge brûkt as museum foar de skiednis fan de joaden yn Spanje.
Synagoge fan El Tránsito | ||
Lokaasje | ||
lân | Spanje | |
regio | Kastylje-La Mancha | |
plak | Toledo | |
adres | Calle Samuel Levi | |
koördinaten | 39° 51'N 4° 01'W | |
Oare gegevens | ||
status | museum | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1356-1357 | |
Webside | ||
Webstee | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeFan de tsien synagoges yn de eardere joadewyk (Judería) fan de stêd binne allinne de Santa María la Blanca en El Tránsito bewarre bleaun. Kening Peter I joech tastimming foar de bou fan de synagoge út tankberens oan de joaden fan Toledo foar harren trou en stipe yn de striid tsjin syn healbroer Hindrik II. Nei de ferdriuwing fan de joaden út Spanje yn 1492 waard de synagoge oerdroegen oan de Oarder fan Calatrava, dy't de synagoge ferbouden ta tsjerke en wijden oan de hillige Benediktus.
Yn de 17e iuw waard de namme fan de tsjerke feroare yn 'Nuestra Señora del Tránsito', in namme dy't ôflaat is fan it alterskilderij El Transito de la Virgen fan Juan Correa de Vivar en it ferstjerren en de himelfeart fan de Jongfaam Marije ôfbyldet.
Sûnt 1887 is it gebou in monumint en sûnt 1964 is it 'Museo Sefardí' ûnderbrocht yn it gebou.
Beskriuwing
bewurkje seksjeIt gebou hat in rjochthoekich oerflak mei in opfallend mudéjar-ynterieur en in weardefol artesonado-plafond fan sederhout. Oan de sydmuorren rint in fries mei wapens fan Kastylje en Hebriuwske teksten. Oan de súdlike muorre is de galerij foar froulju mei in eigen tagong.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis op dizze side.
|