Synagoge fan Görlitz
De Synagoge fan Görlitz is in synagoge oan 'e Otto-Müller-Straße yn 'e Dútske stêd Görlitz. It gebou waard tusken 1909 en 1911 yn 'e Art Nouveau-styl boud foar de Asjkenazyske mienskip.
Synagoge fan Görlitz | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Saksen | |
plak | Görlitz | |
adres | Otto-Müller-Straße | |
koördinaten | 51°9'N 14°59'E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Lossow & Kühne | |
boujier | 1909-1911 | |
boustyl | Art Nouveau | |
Webside | ||
www.synagoge-goerlitz.de | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe joadske mienskip fan Görlitz groeide fan 150 yn 1852 nei 643 leden yn 1880. Der wie al in synagoge yn 'e Langenstraße yn 'e histoaryske binnenstêd, dy't ek hjoed-de-dei noch altiten bestiet en no as literatuerhûs brûkt wurdt. Dy âlde synagoge waard te lyts foar de groeiende mienskip, en sadwaande krige it arsjitekteburo Lossow & Kühn it fersyk in ûntwerp te meitsjen foar in nije synagoge. It arsjitekteburo waard ferneamd mei harren ûntwerp fan it Sintraal Stasjon fan Leipzig (Hauptbahnhof Leipzig). Oars as de faak oriïntaalsk oriïntearre synagogestyl fan dy tiid, makken de arsjitekten in ûntwerp yn Art Nouveaustyl. De nije synagoge waard op 7 maart 1911 iepene.
De synagoge oerlibbe de Reichskristallnacht sûnder grutte skea mei't de brânwar it befel fan 'e nazy's net opfolge en de oanstutsen brân fuort dwêste. Nei de Kristallnacht waarden hast alle noch oanwêzige joadske manlju, likernôch 200 persoanen, fan Görliz oppakt. Yn febrewaris 1939 waard de joadske mienskip twongen om de synagoge en de grûn foar likernôch 4% fan 'e oarspronklike bousom te ferkeapjen. De lêste earetsjinst fûn yn septimber 1940 plak.
De Sovjet-autoriteiten joegen it gebou nei de oarloch oan 'e joadske gemeente fan Dresden werom, mar dy wie te lyts om it gebou te ûnderhâlden en ferkocht de synagoge yn 1963 oan 'e stêd Görlitz. De stêd joech it gebou in monumintale status, mar der barde fierder neat en it gebou ferfoel jimmeroan mear.
Yn 1979 waard de synagoge in symboalysk sintrum foar de jongerein, dy't har tsjin de DDR fersetten. De groep Natürlicher Weg organisearre op 9 novimber trije jier lang in kearsemars nei de synagoge en leine dêr blommen del. Yn 1986 pakten leden fan 'e protestantske tsjerke de ek no noch besteande tradysje wer op. Sûnt 1988 waard in betinkingsboerd foar de joadske slachtoffers oanbrocht.
Yn 1991 sette in grut restauraasjeprojekt útein, dy't yn desimber 2020 foltôge wie. Troch it útbrekken fan 'e COVID-19 pandemy fûn de iepening net earder plak as op 12 july 2021. Op 12 septimber 2022 waard in nije davidsstjer op it heechste punt delset.
De yn 2004 stifte Förderkreis Görlitzer Synagoge e.V. set him foar it behâld fan it gebou yn, mei respekt foar de oarspronklike funksje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar referinsjes sjoch de:Synagoge (Görlitz)
|