Görlitz is de meast eastlike stêd fan Dútslân. It is de Kreisstadt fan 'e lânkring Görlitz yn 'e frijsteat Saksen en de grutste stêd fan Opperlausitz. De stêd leit oan 'e Neiße, dy 't sûnt 1945 de grins mei Poalen foarmet. De grins dielt de stêd fan 'e eastlike steddielen op 'e oare kant fan 'e rivier, dy't hjoed-de-dei de Poalske stêd Zgorzelec foarmje.

Görlitz
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Saksen
Stedsyndieling 9 Stadt- en 5 Ortsteile
Sifers
Ynwennertal 56.694 (31.12.2023)
Oerflak 67,52 km²
Befolkingsticht. 840 ynw./km²
Hichte 201 m boppe seenivo
Oar
Postkoade 02826–02828
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 51°9' N 14°59' E
Offisjele webside
www.goerlitz.de
Kaart
Görlitz (Saksen)
Görlitz

De stêd bleau yn 'e Twadde Wrâldkriich sparre foar grutskalige bombardeminten en hat sadwaande noch in histoaryske binnenstêd mei bebouwing dy't ferskillende fazes fan 'e Midden-Europeeske boustilen fertsjintwurdigje. De stêd is ryk oan monuminten en dêrfandinne wurdt de stêd yn films faak as dekor brûkt.

Dêrfoaroer hat de stêd lykas op in soad oare plakken yn 'e eardere DDR nei de Wende swier te lijen hân fan 'e ekonomyske delgong fan 'e yndustry, dy't hjir fral de sektoaren energy en tekstyl fertsjintwurdige. Jierren krewearre de stêd om nije ynwenners te lûken, en dan fral minsken mei in goed pensioen. Dêrmei waard fan 'e stêd in saneamde Pensionopolis makke en dy demografyske feroaringen feroarsaken wer nije swierrichheden.

 
Görlitz, 1575.

It dokumintearre begjin fan Görlitz is yn 1071, doe't it plak as Villa Gorelic yn in dokumint fan keizer Hindrik IV neamd waard. Fynsten wize lykwols op in bewenning sûnt de brûnstiid. Yn 'e rin fan 'e tiid foel de stêd ûnder de hearskers fan Bohemen, Brandenburch, Saksen en Prusen.

Troch de lokaasje oan belangrike hannelsrûtes ûntwikkele it plak him oan'e foet fan in 12e-iuwsk kastiel ta in ryk hannelssintrum mei in grut efterlân. De grutte bloei fan 'e stêd sette fral tsjin 'e ein fan 'e midsiuwen yn en fan dy wolstân tsjûget noch jimmeroan it grutte oantal letgoatyske, renêssânse en barokke monuminten fan 'e Görlitzer binnenstêd.

De reformaasje krige sûnt 1521 poat oan 'e grûn en yn 1525 waard yn Görlitz foar it earst protestantsk preke. Sûnt it lêste diel fan 'e 16e iuw wie Görlitz in echte lutherske stêd. Tsjin de ein fan 'e 17e iuw kaam it protestantisme sterk ûnder ynfloed fan it piëtisme te stean.

Mei it oansluten op it Prusyske en Saksyske spoarnet yn 'e 19e iuw begûn yn Görlitz de yndustrialisaasje. Yn 'e twadde helte fan de 19e iuw fûnen nei it suden en westen útwreidingen fan 'e stêd mei nije wenwiken plak.

 
Synagoge fan Görlitz.

Yn 'e Kristallnacht fan 1938 wist de brânwar fan Görlitz it yn 'e brân stekken fan 'e synagoge op 'e tiid te kearen en sa is Görlitz ien fan 'e seldsume Saksyske plakken mei in orizjinele synagoge fan foar 1938. Wol waard lykas oeral yn it Tredde Ryk de joadske befolking fan 'e stêd ferfolge en deportearre nei de konsintraasjekampen. Yn 1944 waard it bûtenkamp Görlitz oprjochte, dêr't 400 joadske finzenen omkamen troch moard of útputting. Yn 'e oarloch en fral tsjin 'e ein fan 'e oarloch waarden 37 hûzen ferneatige en tusken de 68 en 89 hûzen swier skansearre. Alle sân brêgen oer de Neiße waarden op 7 maaie 1945 tsjin 19:00 oer troch de weromlûkende Wehrmacht opblaasd. De stêd waard troch it Reade Leger beset en sa ûnderdiel fan 'e Sovjet besettingssône en sûnt 1949 de DDR. Nei 1945 waarden de eastlike stedsdielen by Poalen foege.

It oantal ynwenners fan it yn 'e DDR lizzende diel fan Görlitz gie yn 1949 oer de grins fan 'e 100.000 ynwenners. Dat hie fral te krijen troch de grutte stream ferdreaunen út de eardere Dútsk eastgebieten. Oant 1988 sakke de befolking fan it histoaryske hichtepunt fan 101.742 wer nei 77.609 ynwenners en sûnt de Wende ferlear de stêd troch ferhûzing en it sakjen fan it bertesifer nochris in tredde fan 'e befolking.

Stedsyndieling

bewurkje seksje
 
Stedsyndieling.

Görlitz is yn njoggen Stadt- en fiif Ortsteile ferdield. De Stadtteile binne histoarysk groeid, ûntstien troch de ferdreaune Dútsers nei 1945 of oant 1952 as eardere selsstannige gemeenten by Görlitz foege. De fiif Ortsteile binne by de lêste weryndielingen fan 'e jierren 1990 by de stêd yndield en lizze apart fan 'e stêd sels.

De stedsdielen binne: de histoaryske binnenstêd, de Innenstadt (de binnenstêd), Nikolaivorstadt, Südstadt, Rauschwalde, Biesnitz, Weinhübel, Königshufen en Klingewalde.

De Ortsteile omfiemje de plakken Ober-Neundorf en Ludwigsdorf yn it noarden en Schlauroth, Kunnerwitz, Klein Neundorf, Deutsch-Ossig, Hagenwerder en Tauchritz. In diel fan 'e plakken wurkje tegearre as ien Ortsteil, sadat der fiif Ortsteile oerbliuwe.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
Untermarkt.
 
Joarisfontein.

Mei mear as 4000 restaurearre monuminten wurdt faak sein dat Görlitz it grutste sletten gebiet oan monuminten besit.

Oan 'e Untermark steane in grut tal monuminten, lykas it riedshûs en it âlde waachgebou, beide út de tiid fan 'e renêssânse. Oan 'e Neißstraße 29 stiet it Biblisches Haus, wêrfan't de gevel fersierd is mei reliëfs fan Ald- en Nij-Testamintyske foarstellings. It Kaufhaus Görlitz (of Zum Strauss en Warenhaus Görlitz) is in monumintaal gebou yn 'e styl fan it histoarisme mei eleminten fan 'e Jugendstil en tsjinne as dekor fan 'e film "The Grand Budapest Hotel" fan regisseur Wes Anderson.

De fiifskippige, letgoatyske halletsjerke ferfong in letromaanske tsjerke út 1235. Mei de bou fan 'e tsjerke waard yn 1425 útein set. Yn 1490-1497 krige de tsjerke stiennen ferwulften. Fan 'e romaanske foargonger datearret noch in portaal (1230).

Oare tsjerken dy't it neamen wurdich binne:

  • De Annakapel (Annen-Kapelle; Am Frauentor)
  • De Frouwetsjerke (Frauenkirche)
  • Hillich Grêf (Heilig Grab Straße)
  • Krústsjerke (Kreuzkirche)
  • Nikolaastsjerke (Nikolaikirche; Große Wallstraße)
  • Boppetsjerke/Trijefâldichheidstsjerke (Oberkirche/Dreifaltichkeitkirche, Obermarkt)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar referinsjes sjoch de:Görlitz