Synagoge fan Subotica
De Synagoge fan Subotica, yn de op ien nei grutste stêd fan de provinsje Vojvodina en de op fjouwer nei grutste stêd fan Servje, waard tusken 1901 en 1903 boud.
Synagoge fan Subotica
Суботичка синагога | ||
Lokaasje | ||
lân | Servje | |
plak | Subotica | |
koördinaten | 46° 6'N 19° 39'E | |
Oare gegevens | ||
status | Net mear yn gebrûk | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Marcell Komor en Dezső Jakab | |
boujier | 1901-1903 | |
boustyl | Jugendstil | |
Webside | ||
Webstee | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeYn de 18e iuw waard it de hanneler Jakab Herschel tastien him yn Subotica nei wenjen te setten. Hy wie de earste joad yn de stêd en dêrnei naam it tal joaden stadichoan ta. Yn 1775 waard der in joadske mienskip oprjochte. Mei de lykberjochtiging fan de joaden yn 1867 naam de ekonomyske en kulturele ynfloed fan de mienskip ta.
De Twadde Wrâldoarloch makke in ein oan it rike libben fan de mienskip. De lannerijen en bosken fan 58 joaden, 2 mûnen, 14 fabriken, 158 winkels, 18 gruthannels, 48 wurkpleatsen, in printerij, ytgelegenheid en ferpleechynstellings waarden yn beslach nommen. Manlju waard nei wurkkampen stjoerd om minen te romjen oan it Ukraynske front. Op 19 april 1944 foel it beslút om "it lân fan joaden skjin te meitsjen" en de útfiering dêrfan begûn op 26 april. Fan de 6.105 fuortfierde joaden fan Subotica kamen mar 1.065 werom.[1] Dêrfan emigrearre it grutste part nei yn 1948 Israel. Yn 2004 bestie de joadske mienskip út 204 leden.[2]
De bou fan de nije synagoge
bewurkje seksjeDe synagoge waard tusken 1901 en 1903 foar de doe likernôch 3.000 sielen tellende joadske mienskip op it plak fan in lytsere foargonger boud yn in tiid doe't Vojvodina noch by it Keninkryk Hongarije hearde.
It ûntwerp wie fan Marcell Komor en Dezső Jakab út Bûdapest en fertsjintwurdiget de Jugendstil mei dekoraasjes út de Hongaarske folkskeunst. De sintrale koepel wurdt troch acht izeren pylders droegen. Trije portalen liede nei in foarhal, dêr't fjouwer treppen tagong jouwe nei de galery foar de froulju.
It earste konsert dat Radio Belgrado útstjoerde wie yn 1932 út de synagoge fan Subotica wei.
Sûnt 1974 is de net mear as sadanich funksjonearjende synagoge in beskerme monumint. De synagoge krige yn 2009 it predikaat "Kultuermonumint fan Utsûnderlik Belang" en wurdt sûnt dy tiid beskerme troch de Republyk Servje.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|